v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ SPILET FREEDTEJÛN KOMPETYSJE YN GRYPTSJERK.

Dokkum – Yn it programma oersicht fan’e KNVB kinne ús supporters net sjen wêr’t de âldsjes fan Ropta Boys op de freedtejûnen spylje moatte. Tenei sil ûnderskreaune oanjaan wêr’t wy spylje. Kommende freedtejûn spylje wy de twadde searje wedstriden fan de foar-jierskompetysje. De earste trije wedstriden yn Dokkum wie gjin sukses. Mar ien puntsje út trije wedstriden. Kommende freedtejûn hoopje wy it better te dwaan en mear punten te pakken tsjin ús tsjinstanners Gryptsjerk, Dokkum en Friese Boys. Op freedtejûn 22 april spylje wy it ferfolch by Friese Boys en freedtejûn 13 maaie slúte wy de kompetysje ôf by ús thús op sportpark “De Fiver”. Binne jimme efkes op’e hichte.
De wedstriden foar kommende freedtejûn binne:

Gryptsjerk 45+ – Ropta Boys 45+ 19.15 oere.

Friese Boys 45+ – Ropta Boys 45+ 19.45 oere.

Dokkum 45+ – Ropta Boys 45+ 20.15 oere.

Natuerlik binne supporters tige wolkom op sportpark De Enk yn Gryptsjerk.
JT