v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ SPIELE HIEL SLEAU YN KOLLUMERSWEACH.

Kollumersweach – Ropta Boys 45+ spiele ôfrûne freedtejûn net min, mar tige sleau (heel slordig). Ropta Boys 45+ is dizze kompetysje rûne tige wikselfallich. De earste kompetysje rûne hiel min, de twadde rûne hiel goed en justerjûn hiel sleau. Dan moat it freedtejûn 13 maaie thús mar barre. Trije kear winst moat dan it doel wêze. As lieder moat ik stadichoan de druk mar wat heger lizze. As ik elkenien sa wat belústerje dan wit elkenien mei de mûle eksakt hoe as it yn it fjild barre moat. Om de fuotten sprekke te litten sa as de mûle praat, dêr kriget Ropta Boys 45+ 13 maaie yn kompetysje ferbân de gelegenheid foar. As lieder rekkenje ik der op dat wy thús sjen litte dat der mear yn sit dan dat wy oant no ta brocht hawwe. Hjirûnder kinne jimme lêze hoe as de trije wedstriden yn Kollumersweach ferrûn binne.

 
Friese Boys 45+ – Ropta Boys 45+ 3 – 1.
Foar’t ik mei it ferslach begjin wol ik earst de twa supporters (Leon en Winand Dijkstra) tige tank sizze foar de support ôfrûne freedtejûn. Moai dat jimme der wiene. Fierder oer de wedstriid. Ropta Boys wie yn de begjinfaze net de mindere ploech. Hja kamen in pear kear gefaarlik yn’e buert fan it Friese Boys doel. Dochs kaam de thúsklup op foarsprong. It wie Henk Hamstra dy’t mei in skot fan in jong keardel fia de ûnderkant latte skoarde, mei in fraachteken. In fraachteken om’t de bal miskien wol, miskien net oer de doelline west hat. De skiedsrjochter koe neffens ús it ek net konstatearje, mar dochs wiist hy nei de stip. Hja dan hawwe jo as ploech net folle mear yn te bringen. (1-0) Dochs kaam Ropta Boys 45+ in pear minuten letter op gelike hichte. In frije trap fan Jack van der Vorst siet der best yn. (1-1) Nei it doelpunt luts Friese Boys de wedstriid nei harren ta. It wie op’e nij Henk Hamstra dy’t in pass op maat wêr snoei hurd ôfmakke. Nei dizze goal naam Ropta Boys mear risiko nei foaren. Dit wa de ploech flak foar it ein fataal. It wie alwer Henk Hamstra dy’t in rappe oanfal fan Friese Boys fakkundich ôfmakke en keeper Marten Kooistra kânsleas liet. (3-1) Konklúzje: Wol in protte bal besit, mar fiersten te min kânsen en te maklik goals fuort jûn troch te fier fan’e tsjinstanner ôfstean om te ferdigenjen.

 
Gryptsjerk 45+ – Ropta Boys 45+ 2 -1.
Dizze wedstriid hat Ropta Boys 45+ wei jûn oan’e tsjinstanner. Einliks folle better as de tsjinstanner, mar Ropta Boys 45+ koe de druk net omsette yn doelpunten. Krekt as tsjin Friese Boys kaam Ropta Boys op efterstân om’t wy as ploech te maklik tochten oer te ferdigenjen. De goal kaam om’t wy te fier fan ús tsjinstanners ôfstean. Op’e âldens dy’t wy hawwe is elke heale meter tefolle om’t de measten net it fermogen mear hawwe om ien yn te heljen. Sa waard it maklik 1-0 foar Gryptsjerk. It wie ús rapste man Theun Bouius dy’t syn rusk fan ôf it middenfjild sels bekroant mei in ûnhâldber skot foar de Gryptsjerk keeper. (1-1) Nei dizze gelykmakker wie it wêr ien rjochtingsferkear, mar dêr bleau it by. Gryptsjerk 45+ luts harren hielendal wêrom en Ropta Boys koe einliks hielendal neat kreëarre mei harren oerwicht. Gryptsjerk 45+ lei op’e loer foar in counter. Hja wiene der gefaarliker mei as Ropta Boys 45+ mei it grutte fjildoerwicht. Dan giet it foar Ropta Boys 45+ ek noch hiel knoffelich mis. Troch in misferstân tusken keeper Marten Kooistra en Theun Bouius is it in Gryptsjerk spiler dy’t profitearret en de bal simpel yn tikket foar de 2-1. Konklúzje: Net troch de tsjinstanner, mar troch ús eigen ûnkunde ferlieze wy dizze party.

 

Ropta Boys 45+ – Dokkum 45+ 2 – 0.
De oerwinning op dizze ploech gie ek net maklik. Wol in protte kânsen, mar Piet Torensma skeat neist in goeie posysje. Arnold Nutma rekke de boppe kant fan de latte en Geert van Wieren mist in yntikker mei syn nije fuotbalskuon op in strakke bal fan Jack van der Vorst dy’t hjirtroch foar it doel lâns gie. Healwei de wedstriid wie it op oan jaan fan Piet Torensma, de man op’e nije fuotbalskuon Geert van Wieren dy’t de 1-0 makke foar Ropta Boys 45+. Dêrnei kaam Ropta Boys 45+ wêr in pear kear yn’e problemen om’t Ropta Boys 45+ de saakjes hjoed net foar inoar hie op ferdigenjend gebied. It wie Marten Kooistra dy’t mei in fabuleause rêding Ropta Boys 45+ op de nul hâlde. Yn de lêste sekonde fan de wedstriid wie it Arnold Nutma dy’t nei in pass fan Jack van der Vorst de einstân brocht op 2-0. Konklúzje: Terjochte oerwinning, mar dochs noch hiel muoisum om’t Ropta Boys 45+ dizze jûn net de goeie fokus hie om better foar de dei te kommen.

 
Hjirûnder haw ik noch efkes de tuskenstân opskreaun nei trije spielrûnen.
1. Friese Boys 45+ 9 6 3 0 21 16 – 6.
2. Gryptsjerk45+ 9 5 0 4 15 26 – 12.
3. Ropta Boys 45+ 9 3 2 4 11 12 – 14.
4. Dokkum 45+ 9 1 1 7 4 5 – 27.

 

Lieder Jan Torensma.