v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS 45+ SET GOED ÚTEIN YN DE MAYTIIDS KOMPETYSJE

Burgum – Foarhinne skreaun ik altiten Ropta-Boys 50+, mar justerjûn wie it wêr âlderwetsk Ropta Boys 45+. Dit kaam troch it debút fan Gert van der Meulen mei syn 47 lentes jong. Gert wie justerjûn fuortendaliks beslissend mei in assist wêr’t een doelpunt út kaam. Gert tige wolkom by Ropta Boys 45+. Ik hoop datsto dy thús fielst tusken de 50- en 60-plussers.Justerjûn mochten wy fuotbalje op it skitterend moai en nij fuotbalpark fan de F.C. Burgum. Op keunstgêrs wie de earste wedstriid tsjin de âlde bekinden van VCR. Spitichgenoch sit der net safolle fariaasje yn ús kompetysje. Neist VCR, Burdaard en Be-Quick, dy’t wy de lêste jierren hieltiten tsjin komme, wie allinnich F.C. Burgum in nije tsjinstander.

Mar de earste wedstriid tsjin VCR gie kresendo oant en mei de lêste minút. Ropta Boys 45+ spiele rêstich en goed. De foarsprong fan 1-0 troch Theunis Linthof wie mear as terjochte. Der wie gjin griltsje oan’e loft ( geen vuiltje aan de lucht) foar Ropta Boys 45+. Mar yn de lêste minút kaam VCR op gelyke hichte, mar net op in earlike wize. De bal wie foarby de efterline, mar de skiedsrjochter koe it sjen en de Ropta Boys spilers wienen der al fanút gien dat it in efterbal wie. VCR wie net sa sportyf om mei te gean yn dizze saak, wêrtroch de einstân op 1-1 út kaam.

De twadde wedstriid spiele Ropta Boys 45+ wêr benei foutleas. De earste mooglikheid in skôt de op de krúsing wie foar Be-Quick Dokkum, mar dêrnei kamen hja net mear yn it stik foar. Troch doelpunten fan Arnold Nutma en ús nestor Frans Sijtsma wie de earste winstparty in feit. (2-0)

Yn de tredde wedstriid tsjin Burdaard bleau Ropta Boys 45+ goed fuotbaljen. Ûnder lieding fan lêste man Andries Weidenaar mei oan syn linkerhân Roel Sikkema en Gert van der Meulen en oan syn rjochterhân Wiebe Turkstra en Fokke Visser hienen alles ûnder kontrôle. Ek dizze wedstriid waard maklik wûn troch doelpunten fan Theunis Linthof en Frans Sijtsma. (2-0)

Nei trije wedstriden sân punten, wylst it eigenlik troch it akkefytje mei VCR njoggen punten wienen is in goed resultiet. Mar de lêste wedstriid soe in hiele lêstiche wedstriid wurde om’t de tsjinstanner F.C. Burgum der yn de oare wedstriden mei kop en skouder boppe útstutsen. Hja hienen trije kear dik wûn. Dochs gie Rota Boys 45+ mei fertrouen de striid oan. Mei dissipline waard der hiel goed ferdidige en fia de kounter waard Ropta Boys 45+ gefaarlik. It bleau hiellang 0-0 yn de wedstriid. F.C. Burgum wie jonger en sterker, mar Ropta Boys stie as in hûs en joech in hiel lyts bytsje wei. Spitichgenoch wa in pass troch it midden ûnderskept mei as ein resultiet in doelpunt foar F.C. Burgum. Nettsjinsteande dit doelpunt krige Ropta Boys fia Arnold Nutma en Theunis Linthof noch grutte kansen op de gelykmakker, mar dizze bleau út. Hjirtroch moast Ropta Boys 45+ yn in spannende en moaie wedstriid de holle bûge foar in goeie tsjinstander. (0-1)

Konklúzje: In goed fuotbaljend Ropta Boys 45+ behelle 7 moaie punten út 4 wedstriden. De rêst dy’t Ropta Boys 45+ útstrielde wie geweldich om te sjen fanôf de kant. Samar fierder yn’e kompetysje. De nije útdaging yn dizze kompetysje is om de goed fuotbaljende ploech F.C. Burgum nochris in kear te ferslaan. Oer twa wiken op 1 april 2022 sille wy dat besykje. Spitichgenoch wie der in domper foar Roel Sikkema. Hy moast útfalle mei in spierblesseurre yn it kût. Betterskip Roel.

Lieder Jan Torensma.