v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+  SET  GOED  ÚT  EIN  YN DE  NEI-JIERS  KOMPETYSJE.

Burdaard – As lieder fan Ropta Boys 45+ haw ik yn’e ôfrûne 13 jier wol folle mindere seizoens-iepeningen sjoen dan ôfrûne freedtejûn  yn Burdaard. Ropta Boys 45+ sette freedtejûn goed út ein yn de kompetysje. It ienniche minpuntsje wie dat de earste wedstriid tsjin Burdaard net oer de streep lutsen waard. De oare twa wedstriden wienen moaie oerwinningen mei in protte doelpunten. Mar foardat ik fierder skreau moat ik noch fertelle dat Ropta Boys 45+ oan ferjonging docht.  Foarich seizoen hawwe wy Gert van der Meulen der by helle en justerjûn hat Jaap Wiep Torensma fertsjintlik syn debút makke yn Ropta Boys 45+. Jaap Wiep, ek lâns dizze wei tige wolkom yn ús team. Moai dat der noch oanwas is wêrtroch Ropta Boys 45+ besteansrjocht behâld yn de kommende tiid. Dit allegear foarôfgeande oan de moaie wedstriden dy’t freedtejûn troch Ropta Boys 45+ spiele binne. It is spitich dat de KNVB net sa fernimstich(vindingrijk) is, om’t wy alwêr in pear jier mei deselde teams yn de kompetysje sitte. Wy kinne sa stadichoan Burdaard, VCR en Be-Quick Dokkum wol út tekenje, mar ja it giet om it fuotbaljen en dat slagget ek tsjin eltse kear de deselde tsjinstander.

De earste wedstriid tsjin Burdaard wie goed, mar krekt net perfekt. Ropta Boys en Burdaard binne meastentiids gelykwaardich. Ek freedtejûn, mar Ropta Boys krige in hânfol kansen om op foarsprong te kommen.  Theunis Linthof, Jack van der Vorst, Andries Weidenaar en Gert van der Meulen hienen foldwaande mooglikheden om Ropta Boys op foarsprong te setten, mar hieltiten stie de goeie keeper fan Burdaard in doelpunt yn’e wei. En ja dan falt it doelpunt einliks út it iennichste skôt op doel efter Marten Kooistra, dy’t fierder in hiel rêstiche keepersjûn hie.  Mar sa as wy witte gjit it yn fuotbaljen om de doelpunten en net om’t it bettere fuotbal.  In spitich ferlies fan 1-0 tsjin Burdaard. Mar in ferliesparty mei perspektyf.

De twadde wedstriid wie in gala foarstelling. Ropta Boys 45+ stie goed, rêstich  en seer  gekonsintreerd te fuotbaljen. VCR 45+ kaam der net oan te pas en mei goed fuotbal en moaie goals fan Theunis Linthof, Roel Sikkema en Theun Bouius waard der ferstjinne wûn mei 0-3 fan VCR 45+. Wat dizze jûn op foel wie dat Ropta Boys 45+ bestie út in hiele soad ferdidigers. Ûnder lieding fan Andries Weidenaar  en dêrom hinne Fokke Visser, Gert van der Meulen, Roel Sikkema, en Jaap Wiep Torensma wie de bolwurk rûnom keeper Marten Kooistra ôfslúten.

De lêste wedstriid tsjin Be-Quick Dokkum wie op’e nij in goeie wedstriid mei in hiele protte doelpunten. Yn totaal fiif, mar dat hienen der sels ek noch in pear mear wêze kinnen.  Ien fan de útblinkers, einliks wienen alle spilers yn foarm, wie Theunis Linthof. Hy wist yn de lêste wedstriid mar leafst fjouwer kear te skôren. It oare doelpunt kaam op namme fan Fokke Visser, dy’t letter yn de wedstriid ek nochris mei in moai ôfstânskôt de latte rekke. Mar mei dizze 0-5 oerwinning op Be-Quick Dokkum wie de fuotbaljûn tige slagge foar Ropta Boys 45+.

Op freedtejûn 14 oktober 2022 hoopje wy wêr in goed ferfolch te jaan oan dizze nei-jiers kompetysje.

Konklúzje: Twa kear winne en ien kear ferlieze is in goed begjin fan dizze kompetysje.

Lieder  JT.