v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ SAKKET FIER TROCH DE ÛNDER GRINS.

Ljouwert – Meastentiids haw ik gjin problemen om in stikje te skriuwen oer it fuotbaljen. Mar dizze kear sit ik efter myn laptop mei de hannen yn myn hier. Myn grize hier wol te ferstean. Lokkich wiene se justerjûn al griis oars hiene se yn ien jûn griis wurden. As ik no oan justerjûn wêrom tink dan springe my de triennen noch yn’e eagen. It is mar goed dat jo net alles fan te foaren witte. As ik witten hie wat ik no wit, dan wie ik justerjûn net nei de foarrûne fan it Nederlansk Kampioenskip 45+ ôfreizgje. Ik kin it minne prestearjen noch wol sterker omskriuwe. Ik bin mear as 45 jier lid fan Ropta Boys, mar wat ik justerjûn meimakke haw wie bjusterbaarlik yn negative sin. Sa striemin haw ik noch nea in Ropta Boys ploech fuotbaljen sjoen. Ik wit myn skriuwen is ien al negativisme. As skriuwer en lieder fan dizze ploech hear ik positive dingen nei foaren te heljen. Ik moat earlik wêze. As lieder hear ik de oare kant út te tinken, mar dat slagget no noch net nei de desepsje fan justerjûn. Ropta Boys 45+ hat harren sels dêr net fan de goede kant sjen litten. Dit is in mylde foarm fan útdrukken. Yn myn belibjen hawwe wy as spilers en lieder mei syn âlven de “lakers op’e hân krigen”.

 
Nei dizze útbarsting fan negativisme krije jimme as lêzer fan my, mei it “skamread op de kaken” de útslaggen fan de trije wedstriden .
Ropta Boys 45+ – Zeerobben 45+ 0 – 2.
Ropta Boys 45+ – Ljouwerter Sweltsjes 45+ 0 – 3.
Ropta Boys 45+ – S.C. Leovardia 45+ 1 – 5.

 
Fan dizze trije wedstriden kin ik wol ien ferslach fan meitsje. Dizze kear wurd it in hiel lyts ferslachje. Yn alle trije wedstriden itselde ferhaal. Meastentiids stompt in ezel him gjin twa kear oan deselde stien. Ropta Boys 45+ giet sels trije kear ûnderút op deselde wize. Yn alle trije wedstriden komme wy nei in pear minuten op efterstân. Suver om’t wy net alle taken fan it fuotbal goed útfiere. Fuotbal is alderearst ynsicht en dêrnei oanfalle en skoare, mar ek ferdigenje en tsjin hâlde en as belangrykste hurd wurkjen. Op al dizze punten skoarde Ropta Boys 45+ in tsjokke ûnfoldwaande. Yn alle wedstriden wa Ropta Boys 45+ wei spile en traktearre op in grouwe nederlaach. It wie mar goed dat de wedstriden mar tweintich minuten duorre, om’t oars de skea hielendal net mear wie te oersjen. Binne der dan hielendal gjin ljochtpuntsje?? Yn myn eagen wie der mar ien ljochtpuntsje en dat wie dat wy dochs ien kear skoart hawwe troch in doelpunt fan Arnold Nutma tsjin Leovardia. Gelokkich hawwe wy in dominy by ús ûnder de 45+ fuotballers. Dominys kinne oer it algemien behoarlik relativearje en foarút sjen. Sa ek ús fuotbaljende dominy. Yn’e neisit, dy’t wy faak wol goed yn binne, hat Geert van Wieren ús foarhâlden dat wy nei sa’n djiptepunt allinnich mar wêr om heech sjen kinne. Hy hat sels justerjûn ús foarsitter hiel en hiel foarsichtich op’e hichte brocht fan it ôfgryslike nijs út Ljouwert. Nei it esjek fan Dokkum yn’e kompetysje kin it ek noch folle minder en hawwe wy no it esjek fan Ljouwert.

 
Konklúzje: Nettjinsteande it negative ferhaal fan myn kant (sorry dêrfoar) smite wy as ploech de handoek net yn’e ring. Freedtejûn 17 juny slute wy it seizoen noch ôf mei it Nutma skildersbedriuw toernoai op ús eigen fjild. Ik rekkenje derop dat wy folgjend jier de dip te boppe binne en hiel sterk wêrom komme.

 
Sukses dêrmei, Jan Torensma.