v.v. Ropta Boys sinds 1965


ROPTA BOYS 45+ PRESTEARRE ÔFRÛNE FREEDTEJÛN NEI HARREN FERMOGEN.

Dokkum – It wie ôfrûne freedtejûn skrapjen yn dûbel opsicht. It wie skrabje om njoggen fitte spilers byelkoar te krijen en it wie skrabjen om de punten ôfrûne freedtejûn yn Dokkum. Foarôf geande oan de wedstriid like it yn ús klaaikeamer krekt in soarte mei EHBO barren. Spilers yn âldens dy’t muoisum de klean út en oan krije kinne. Spilers dy’t út de tassen meardere soarten smarsels helje om ferskate lichemsdielen yn te smarren. Knibbels dy’t hielendal fêst set wurde mei tape. Snip ferkâlden spilers tsjin de griep oan. Miskien allegear net mear ferantwurde, mar der dochs stean is geweldich, om’t ôfsizze net yn ús wurdeboek foarkomt. Dêrom wol ik de oanwêziche spilers tanksizze foar it kommen en spyljen. Nettsjinsteande boppesteand ferhaal hat Ropta Boys 45+ nei harren fermogen fuotballe. Ien kear winst, twa kear gelyk en ien kear ferlern. Dat binne fiif punten. Troch it beheljen fan dizze fiif punten bliuwe wy noch krekt de koprinner yn dizze kompetysje. VCR 45+ wûn juster alle wedstriden, wêrtroch hja ús op ien punt nadere hawwe. De skea is beheine bleaun mei noch twa spielrûnden te gean. Hjirûnder noch efkes in hiele koarte werjefte fan de spiele wedstriden.

Yn de earste wedstriid sette Ropta Boys 45+ goed útein. Yn in gelyk opgeande wedstriid tsjin Dokkum pakte Ropta Boys 45+ de trije punten. Ropta Boys 45+ kaam op foarsprong troch Geert van Wieren. Mar fuortendalik wie it ek wêr gelyk troch in goed útfierde oanfal fan Dokkum. Mar yn de slotfaze wie it Jack van der Vorst dy’t de winnende treffer behearst binnen skeat. (1-2)

De twadde wedstriid tsjin Be-Quick D 45+ wie ienrjochtingsferkear. Ropta Boys 45+ wie op alle fronten better, mar der wie ien probleem. Ropta Boys 45+ hie yn dizze wedstriid gjin skoarend fermogen. Alle grutte en lytse kânsen wiene in proai foar de foartreflik keepende goallie fan Be-Quick D 45+. It gefolch is dan in Frits van Tuurenhoutsje, 0-0.

De tredde wedstriid tsjin Burdaard 45+ wie wêr in spektakelstuk. De wedstriid eindige nei 20 minuten yn 0-0, mar it hie ek krekt sa goed 2-2 as 3-3 wêze kinnen. De rushes fan Wiebe Turkstra en Theun Bouius wiene bjusterbaarlik, mar spitichgenoch wie ôfrûning net sekuur genoch. It ynsicht en de passkes fan Frans Sijtsma waarden net fersúlvere. Fierder wie der in hiele grutte kâns foar Leo Mooibroek. Allinnich foar de keeper skeat hy de bal hûzenheech oer. Dat wie it earste gedielte fan de wedstriid. It twadde gedielte wie hielendal foar Burdaard en it wie foaral oan ús keeper Marten Kooistra te tankjen dat de einstân úteinlik 0-0 waard. Ballen tsjin latte en peal en in pear goeie reddingen fan Marten Kooistra wie de 0-0 in swier befochten punt.

Yn de lêste wedstriid tsjin VCR 45+ wie de piip leech. De wil wie der noch wol, mar ta echte kânsen kaam Ropta Boys 45+ net mear. Mar dochs hâlde Ropta Boys 45+ de tsjinstanner yn betwang oan krekt foar tiid. Yn de lêste minuten wa’t in skôt troch Piet Torensma blokkearre, mar de rebound foel krekt goed foar Hoeke Hiemstra om fan tichteby yn te koppen. (0-1) Sa kaam der in ein oan dizze fuotbaljûn, dy’t op karakter en nei fermogen troch de spilers ta in knap ein is brocht. De tuskenstân nei trije spielrûnden stiet hjirûnder ôfdrukt.

1. Ropta Boys 45+​12 8 2 2​26 19-8
2. VCR 45+​12 8 1 3​25 19-8
3. Burdaard 45+​12 6 3 3​21 14- 9
4. Be-Quick 45+​12 2 2 8​ 8 8-21
5. Dokkum 45+​12 1 2 9​ 5 6-20
Ferslachjouwer Jan Torensma.