v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ MIST IT KAMPIOENSKIP OP IN HIER NEI.

Bûtenpost – Foar ik begjin te skriuwen wol ik earst efkes tank sizze foar de stipe fan ûs supporters. It docht ûs goed dat der supporters de muoite nommen hawwe om ek “de âldsjes” fan Ropta Boys te stypjen.  Tige tank dêr foar. Dan de wedstriden. It  wie dizze kear in poepetoer om genôch spielers by inoar te krijen, mar úteinlik stie der ploech dy’t it skoan dwaan koe ôfrûne freedtejûn. De opdracht wie bekend. Twa kear winne. Earst fan ûs iennichste konkurrint Friese Boys 35+/45+ en dêrnei fan Opende 45+. Spitichgenoch slagge de missy krekt net, om’t der mei 2-1 ferlern wa fan Friese Boys 35+/45+. Ik skriuw  Friese Boys 35+/45+, om’t it kampioenskip behelle is mei meardere spilers dy’t noch gjin 45 jier wiene. Sawol de earste as lêste wedstriid moasten wy spylje tsjin in miks fan 35+ en 45+. As hja harren dêr goed by fiele dan lizze wy ûs dêr by del en hawwe gewoan probearre om dochs te winnen.

Ropta Boys 45+  –  Friese Boys 45+          1 – 2.

Yn dizze wedstriid moast it barre foar Ropta Boys. Der moast wûn wurde fan Friese Boys 45+. Yn it begjin wie it ôftaasten fan beide ploegen. Friese Boys wie dêrnei de gefaarlikste ploech. Nei rom tsien  minuten kamen hja mei in skitterend doelpunt op foarsprong. In tige hurd skot fan in Friese Boys spieler ferdwûn ûnhâldber yn it krús fan’e goal. (0-1) Nei it doelpunt kaam Ropta Boys wol better yn harren spul. It duorret net lang as Arnold Nutma spiele himsels frij foar it Friese Boys doel. Mei trochsettingsfermogen skeat Arnold Nutma de gelykmakker yn’e touwen. (1-1) Troch it oanmoedigjen fan ûs supporters wa Ropta Boys sterker as de tsjinstanner. Ropta Boys  spiele goed en krige kânsen op de foarsprong. Grouwe kânsen wiene der foar Jack van der Vorst, Piet Torensma en Roel Sikkema om de dream fan it kampioenskip binnen te heljen. It bleau hiel lang spannend, om’t Friese Boys op de counter spiele en dat goed ûnder de knibbel hiene. Mar Theun Bouius as lêste man en de foartreflik keepjende Marten Kooistra as slot op de doar hâlden Friese Boys fan skoaren ôf. It wie wachtsjen op noch in doelpunt foar Ropta Boys, mar de tiid begûn te driuwen. It slagge Ropta Boys net om Friese Boys fan de oerwinning ôf te hâlden. Oan it ein fan de wedstriid joech Friese Boys de deastek troch te skoaren út in counter. (1-2) Troch dizze treffer giet it kampioenskip nei Friese Boys en wa Ropta Boys fertsjinstlik twadde yn dizze foarjiersreeks.

Ropta Boys 45+  –  Opende 45+                 4 – 2.

Dizze lêste wedstriid hie einliks neat mar om’e hakken. Sa begûn Ropta Boys 45+ ek te spyljen. De skerpte wie der efkes hielendal net mear nei it ferlies tsjin Friese Boys. Opende kaam troch in persoanlike fout fan Theunis Linthof goedkeap op 0-1. Hy krige efkes in reprimande fan Jack van der Vorst, mar dêr soe der noch spyt fan krije yn it ferfolch fan de wedstriid. Theunis Linthof sette syn fout  eigenhannich rjocht troch de 1-1 oan te tekenjen nei in skot fan ôfstân. Je soene tinke dat Ropta Boys wekker wie, mar do moast Jack van der Vorst sels troch it stof. Syn persoanlike fout wa fuort en daliks ôfstraft troch Opende foar de 1-2. Dochs krige Ropta Boys it op de heapen. It wa stadichoan ienrjochtingsferkear en úteinlik joech Wiebe Dijkstra in prachtige assist op Roel Sikkema, dy’t mei in rake kopbal de stân lyk luts. (2-2) Nei dizze lykmakker wa de wedstriid in stik hurder. Opende makke in hiel protte oertrêdingen en spiele  sa no en dan tige hurd op de man. Dochs slagge Ropta Boys der yn om de muorre dy’t opset wie foar it doel fan Opende te sljochtsjen. Nei in assist fan Piet Torensma wie it Wiebe Dijkstra dy’t de 3-2 makke foar Ropta Boys. Yn’e slotfaze helle Theunis Linthof nochris út en seach syn skot efter de keeper fan Opende yn’e touwen beleannen foar de einstân fan 4-2. Sa kaam in ein oan dizze foarjierskompetysje wêr’t  Ropta Boys fertsjinstlik einige op it twadde plak. Hjirûnder is de einstân noch efkes te sjen.

  1. Friese Boys 45+              8             8 0 0       24           28 – 4
  2. Ropta Boys 45+              8             6 0 2       18           35 – 6
  3. VVT 45+                           7             1 2 4       5            6 – 17
  4. Bûtenpost 45+                7             1 1 5       4            8 – 32
  5. Opende 45+                    8             0 3 5       3            9 – 27

De einstân fan VVT 45+ tsjin Bûtenpost 45+ stiet noch net yn sportlink.

Foar Ropta Boys 45+ is it seizoen noch net ôfrûn. Op freedtejûn 22 maaie geane wy nei de Westerein om foar de foarrûnen fan it Nederlansk Kampioenskip te spyljen. Op freedtejûn 29 maaie hawwe thús op ûs eigen sportpark in toernoaike mei Ropta Boys 45+, Be-Quick 35+, Be-Quick 45+ en Wykels Hallum 45+.

JT.