ROPTA BOYS 45+ MEI IN PROTTE STRIID MUOISUM NEI IN PEAR PUNTEN
|Feanwâlden – Ôfrûne freedtejûn wie alwêr de lêste searje wedstriden foar Ropta Boys 45+ yn de foarjiers-reeks. Foar Ropta Boys 45+ stie der net safolle mear op it spul. It tredde plak efter VVT en Friese Boys stie foarôfgeande oan de wedstriden al fêst. Ropta Boys 45+ koe frijút fuotbalje, mar dat wie yn de earste wedstriid tsjin kampioenskandidaat Friese Boys net te sjen. Alles, mar dan ek alles wat fout gean koe gie ek fout. Ropta Boys 45+ koe de bal gjin tel yn harren ploech hâlde. It wie in grut wûnder dat Ropta Boys 45+ net op grutte efterstân setten waard tsjin Friese Boys. Hja krigen safolle kânsen dat se wienen net op ien hân te tellen, mar it slagge harren net om te skoaren. Dit ek mei tank oan keeper Marten Kooistra dy’t sich yn posityfe sin ûnderskiede foar Ropta Boys 45+. Hy hâlde de nul. Fuotbaljend kaam Ropta Boys 45+ der yn dizze wedstriid net oan de pas. It iene punt wie tefolle fan it goeie, mar natuerlik wol wolkom. Einstân: 0-0.
Yn de twadde wedstriid tsjin de oare kampioenskandidaat VVT fuotballe Ropta Boys 45+ in stik better. Healwei de wedstriid kaam Ropta Boys 45+ troch in moaie oanfal mei úteinlik as einstation Geert van Wieren dy’t bal skitterend oer de keeper van VVT hinne lobde foar de 1-0 foarsprong. Op sich wie dizze foarsprong net ûnferstjinne, mar nei dizze foarsprong foel Ropta Boys 45+ wêr yn harren hâlde fouten troch mei syn allen foarút te spyljen mei tefolle minsken foar de bal. Fuortendaliks nei de ôftrap kaam VVT hjirtroch wêr op gelyke hichte. Ropta Boys 45+ krieg noch in pear goeie kânsen fia Gert van der Meulen mar syn skôt gie krekt neist en Geert van Wieren dy’t sels op doel skeat ynstee fan de bal breed te lizzen op Theun Bouius as Jack van der Vorst foar in yntikker. Mar dat slagge allegear net wêrtroch de grutte man oan VVT kant Riemer Dorenbos syn klasse sjen liet troch elkenien ynklusyf ús lêste man Jaap Wiep Torensma te ferskalken mei de winnende treffer. Einstân: 2-1.
De tredde wedstriid tsjin VCR 45+ wie einliks in kopy fan de wedstriid tsjin VVT. Beide ploegen wienen oan elkoar weage. Oan beide kanten wat kânskes. Foar Ropta Boys 45+ krigen Arnold Nutma, Frans Sijtsma en Fokke Visser mooglikheden. Dizze mooglikheden waarden net omset yn doelpunten. Mar krekt as tsjin VVT kaam Ropta Boys 45+ hjir ek op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Geert van Wieren. Hy krige dizze goal in bytsje kado fan de VCR keeper dy’t de bal by it útsjitten presiis yn syn fuotten skeat. In kâld keunstje foar Geert om te skoaren. Mar op’e nij koe Ropta Boys 45+ dizze foarsprong net oer de streep lûke. It dochs wol wat ferjongde VCR 45+ wist yn de restearjende tiid noch twa kear te skoaren, wêrtroch ek dizze wedstriid gjin punten oplevere foar de gielgriene formaasje dy’t Ropta Boys 45+ hjit. Einstân: 2-1.
De fjirde en lêste wedstriid tsjin Feanwâlden ferstjinne Ropta Boys 45+ in oerwinning. Ropta Boys 45+ wie better in hie twa kear pech dat de bal op de peal útein ketste. Earst in prachtich skôt fan Arnold Nutma op de peal en twa tellen letter rekke ek Theun Bouius syn ynset de peal. Ek Fokke Visser, Frans Sijtsma en Jack van der Vorst krigen mooglikheden, mar sa as sa faak falt it doelpunt oan de oare kant. Feanwâlden makke fia in moaie oanfal wêr’t de spilers fan Ropta Boys 45+ op it ferkearde momint harren man loslitten mei in moaie kombinaasje 1-0. Dit wie in moai doelpunt, mar efkes letter makke Ropta Boys 45+ fia in noch moaier doelpunt gelyk. Oan de rjochterkant fan it fjild kapte Arnold mei in skyn traap de keeper en twa spilers fan Feanwâlden út yn ien beweging, wêrnei hy foar de 1-1 oantekende. Dizze stân bliuw stean om’t Marten Kooistra de hiele jûn foartreflik stie te keepen. Spitichgenoch ferdraaide hy sich noch yn de lêste wedstriid, mar opjaan komt yn it wurdeboek fan Marten Kooistra net foar. Hjirtoch kaam der in ein oan dizze foarjiers-reeks mei in mear dan ferstjinne punt. Einstân: 1-1.
Konlúzje: Wy hawwe as Ropta Boys 45+ in moaie searje wedstriden hawn mei wisselend sukses. Mei in tredde plak kinne wy wêrom sjen op in moaie kompetysje. Wy hoopje en rekkenje der op om yn it nei-jier wêr fan de partij te wêzen. Oant dan.
- VVT 45+ 20 – 40.
- Friese Boys 45+ 20 – 39.
- Ropta Boys 45+ 20 – 28.
- VCR 45+ 20 – 16.
- Feanwâlden 45+ 20 – 15.
Lieder Jan Torensma.