v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ LIT IN PEAR STEKJES FALLE YN’E KOMPETYSJE

Bûtenpost – It goede nijs fan Ropta Boys 45+ is dat hja mei noch trije wedstriden te gean al kampioen binne fan poule 13. Mar der wie ôfrûne freedtejûn gjin hoera stimming nei de trije spiele wedstriden. It doel wie om ek dizze jûn ûnfersleine te bliuwen. Dat is slagge, om’t der wûn is fan GSVV 45+ en gelykspiele tsjin Oostergo 45+ en Bûtenpost 45+. Mar it fuotbal wie net om oer nei hûs te skriuwen.
Sa as jimme witte wurd de latte elke kear heech lein by de 45+. Dat moat ek wol, om’t hja allegearre hiel goed prate kinne oer fuotbal en dat hja it allegearre wol goed witte nei sa’n steat fan tsjinst. Dat tocht ik eartiids ek. Die âlde mantsjes altiten te seuren. Hja witte it altiten better en kinne it allegearre sa moai sizze. No’t ik âlder bin wit ik sa stadichoan wol better. De teory wurd ek net troch de âlderen yn de praktyk útfiert.
Fierder wol ik noch wol efkes ús publyk tank sizze foar jimme komst. Spitichgenoch binne jimme net bedjert mei each strieljend fuotbal. It wie in mindere dei fan Ropta Boys 45+. Ik hoopje dat jimme it fertrouwen net opsizze yn Ropta Boys 45+. Ik nûgje jimme en alle Ropta Boys supporters út om freedtejûn 30 oktober 2015 lâns te kommen op ús eigen sportpark “De Fiver”. Dan kinne wy revâns nimme en de lêste trije wedstriden sjen litte dat wy mear as de terjochte kampioen binne fan poule 13.
It duorret lang dat ik begjin oan de wedstriid ferslaggen, mar dat hat in oarsaak. Ek de lieder giet net frij út yn it ferlies fan de earste punten. De lieder hat fan alle trije wedstriden neat sjoen. Hy gie lekker fluitsjen op’e oare helte fan it fjild en tocht dat it wol goed kaam mei de 9 punten út 3 wedstriden op dizze jûn. Mar it hat bliken dien dat der ek by dizze âldsje dochs lieding nedich is. It sil net wêr barre dat de lieder jimme in folsleine disoarder oer lit.
No de wedstriden yn it koart.
Ropta Boys 45+ – GSVV 45+ 2 – 1.
Ik haw hjirboppe kritysk skreaun oer Ropta Boys 45+, mar dat is miskien ek net hielendal terjochte. De trije tsjinstanners binne sa stadichoan wol bekend mei Ropta Boys 45+. Dat hat as gefolch dat de ploegen harren hielendal wêrom lûke foar eigen goal. Dat bliuwt altiten muoilik fuotbaljen. Mar tsjin GSVV kaam Ropta Boys op 1-0. Andries Weidenaar ûnder skepte de bal en brocht Arnold Nutma yn stelling. Arnold Nutma wie resolút en knalt de bal binnen. Troch deselde fouten komt de tsjinstanner op gelike hichte. De fout is dat wy as ploech allinne mar oanfalle, mar as ploech net mei syn allen ferdigenje. Tefolle minsken foar de bal. As wy dan de bal ferspylje binne wy te let werom. Hjirtroch kaam de 1-1. Dochs pakte Ropta Boys de winst nei in hiele goeie aksje fan Theun Bouius. Hy sette goed troch en stelde op’e nij Arnold Nutma yn steat om de 2-1 te meitsjen.
Ropta Boys 45+ – Oostergo 45+ 0 – 0.
Gelokkich wie Oostergo 45+ wêr oanwêzich en dat hat Ropta Boys witten. Krekt as foarhinne wolle hja net fan inoar ferlieze. Beide ploegen wiene dêrom goed oan inoar weage. Beide ploegen krigen kânsen en beide ploegen wisten de keepers en de peal goed te testen. Mar sawol Raymond Hoekstra fan Oostergo as Marten Kooistra fan Ropta Boys hâlde de nul, wêrtroch beide ploegen net fierder kamen dan in gelykspul. Ma r krekt as yn de earste wedstriid liet Ropta Boys ek no net sjen wat hja wol kinne. Dat is spitich.
Ropta Boys 45+ – Bûtenpost 45+ 1 – 1.
De lêste wedstriid wie fuotbalje tsjin in muorre fan Bûtenpost spilers. Hja taktyk wie alles foar de pot en hoopje op in counter. Troch gepingel yn’e Ropta Boys efterhoede slagge de opset fan Bûtenpost ek noch. Mar yn dizze wedstriid moat Ropta Boys it hielendal harsels oanrekkenje dat hja net de trije punten pakten. It begûn sa goed. In assist fan Piet Torensma op Geert van Wieren betsjutte de 1-0. Geert draaide goed by syn tsjinstanner wei en skeat mei syn sterke lofterfoet reak. Dêrnei wie de priis sjitten, mar de measte skotten kamen net op doel, mar neist it doel. Dêr wie en der siet gjin oertsjûging yn de oanfallen fan Ropta Boys. Troch it om sjippe helpen fan safolle kânsen bleaun de ploech op’e nij stekken by in gelykspul.
Tuskenstân kompetysje:

Ropta Boys 45+ 9 7 2 0 23 28 – 6.

Bûtenpost 45+ 9 4 1 4 13 17 – 17.

Oostergo 45+ 9 3 1 5 10 9 – 16.

GSVV 45+ 9 2 0 7 6 10 – 25.
Konklúzje: It kin en it moat op freedtejûn 30 oktober 2015 yn de lêste rige, thús op sportpark “De Fiver” , stikken better om dêrnei mei bier en bitterballen it kampioenskip te fieren.
Taheakke de foto dy’t ôfrûne simmer naam is foar de website.
JT

Ropta Boys 45-plus