v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS 45+  KAAM  YN  IN  KÂLD DOKKUM  NET  ÚT  DE  FERVE.

Dokkum –  Sa as de koptekst oan jout wie it in kâlde freedtejûn om te fuotbaljen by de v.v.Dokkum. De spilers hienen noch de gelegenheid om harren waarm te fuotbaljen, mar ûnderskreaune as lieder net.  Kâlde fuotten en in kâld gefoel fan it optreden fan Ropta Boys 45+ wie dizze jûn it lot as lieder fan Ropta Boys 45+. Wylst de jûn foar Ropta Boys 45+ kresendo útein sette mei  in dikke oerwinning op de thúsploech Dokkum. De earste wedstriid syn Dokkum wie ienrjochtingsferkear mei in hiele soad kânsen foar Ropta Boys 45+. It duorre efkes mei it iepenjen fan de skoare, mar nei de 1-0, makke troch Theunis Linthof gie it rap mei de doelpunten. Ek de 2-0 kaam fan de foet fan Theunis Linthof. De 3-0 en 4-0 wienen foar rekkening fan Jack van der Vorst. Nei it ferprutsen fan twa libbensgrutte kânsen wie it dêrnei wol twa kear raak foar Jack van der Vorst. It lêste doelpunt yn dizze wedstriid wie foar spits Geert van Wieren. Troch syn doelpunt wie nei 25 minuten fuotbal de einstân 5-0. Sjoen de tsjinstân koe Ropta-Boys 45+ dizze wedstriid net ferlieze.

So far so good, mar de twa oare ploegen binne fan in oar kaliber wêr’t Ropta-Boys 45+ noch tsjin spylje moast. As earste wie de oansteande kampioen Be-Quick 45+ oan bar. De opset foarôf wie dúdlik. Fanút in slútende ferdediging probearje de doar ticht te hâlden en yn de omskakeling gefaarlik te wurden. Yn it begjin fan de wedstriid stie it goed ûnder lieding fan Andries Weidenaar mei om him hinne Roel Sikkema, Gert van der Meulen, Jaap Wiep Torensma en Frans Sijtsma. It like goed, mar gehiel út loftliddiche ploft in lucky skot fia de krúsing efter ús keeper Marten Kooistra. (1-0) Hiel ûngelôkkich op efterstân. Noch mar krekt bekaam fan dizze efterstân wie it op’e nij in sneinsskot dy’t no fia de binnenkant fan de peal efter keeper Marten Kooistra yn’e touwen belânne. (2-0) Ropta Boys 45+ probearre noch wol nei foaren te fuotbaljen, mar kaam einliks net yn it stik foar. Yn it slot fan de wedstriid waard it sels noch 3-0. Yn earste ynstânsje kearde Marten Kooistra in keihurd skot, mar hy koe de bal net klemfêst hâlde mei als gefolch dat de rebound foar in Be-Quick spiler wie om de 3-0 yn te tikjen. Spitich dat de earste twa doelpunten sa betiid en einliks ûnferwacht foelen wêrtroch it striidplan yn syn gehiel yn it wetter foel. Mar ferlieze fan dizze goeie tsjinstânner is gjin skânde.

Dan moast it mar barre yn de lêste wedstriid tsjin VCR 45+. Mar dizze wedstriid rûn út op in fiasko. Sa goed as Ropta-Boys 45+ ferdidigde tsjin Be-Quick 45+  sa slecht barde dit tsjin VCR 45+. Binnen in mum fan tiid stie Ropta Boys 45+ op in 2-0 efterstân. Bij it earste doelpunt fan VCR 45+ krige in spiler fan VCR 45+ sûnder in striebreed yn de wei te lizzen frij baan nei Marten Kooistra om simpel de 1-0 binnen te sjitten. De 2-0 wie noch dramatysker troch in spiler foar it doel alle frijheid te jaan om in foarset binnen te koppen. (2-0) Nei dizze efterstân soe it noch wurde by de spilers fan Ropta Boys 45+, mar de measte ynsetten fan Ropta Boys 45+ spilers gienen fier neist it doel. Echt gefaarlik is Ropta Boys 45+ net mear west foar it VCR doel. Hjirtroch ferlear Ropta Boys 45+ einliks kansleas troch eigen tadwaan om’t hja fiersten te slap oan dizze wedstriid wienen begûn.

Konklúzje: Ropta-Boys 45+ fuotbalde op dizze kâlde novimber jûn fier ûnder harren kinnen. Mei trije punten út trije wedstriden moat en kin Ropta Boys 45+ net tefreden wêze. Mar gelôkkich krijt Ropta Boys 45+ dizze nei-jiersreeks noch in mooglikheid om wat rjocht setten op freedtejûn 8 desimber 2023 op sportpark “De Vonder” te Rinsumageast. Dan rekkenje ik as ûnderskreaune/lieder op in better Ropta Boys 45+.

Lieder Jan Torensma.