v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ KAAM NEI IT ÚTFALLEN FAN IT LJOCHT NET MEAR FOARÚT.

Dokkum – Oan de lêste searje kompetysjewedstriden kaam ôfrûne freedtejûn in frjemd ein. It begûn allegearre sa moai. It fjild yn Dokkum lei der foartreflik by en der wie ljocht yn oerfloed. Ropta Boys 45+ hie sels in pear supporters dy’t de muoite naam hiene om ús oan it wurk te sjen. Spitichgenoch hawwe se wat te min sjoen fan de kwaliteiten dy’t wol oanwêzich binne, mar faak net, as te min, sjen litten wurde. Mar tige tank oan de supporters dy’t der wiene. Klasse. Nettsjinsteande de tsjin fallende útslaggen wie der om mei it ljocht te sprekken wol deeglik in hiel grut ljochtpunt by Ropta Boys 45+. Troch de protte blessueres is der troch Ropta Boys 45+ in berôp dien op de masterferdediger Sietse Allema. Dit mei grut sukses. Hy behellet yn begjin desimber de âldens fan de allersterksten ûnder fuotballers, mar wie ôfrûne freedtejûn al in grutte oanwinst foar Ropta Boys 45+. Sietse, tige tank foar dyn meidwaan en wy hoopje en rekkenje derop datsto fan ôf no by ús team oanheakkest foar it ferfolch fan dyn karriêre. Yn els gefal bist tige wolkom en in fersterking foar ús ploech. Dan de wedstriden fan ôfrûne freedtejûn. Sa as de koptekst seit foel samar yn iensens alle ljochten út healwei de twadde wedstriid tsjin Friese Boys. Krekt op it momint dat Rota Boys goed yn de wedstriid siet tsjin Friese Boys. Arnold Nutma hie sels de 1-0 foarsprong op syn skoech, mar seach mei in refleks fan de keeper de bal krekt neist gean. Mar troch it ljocht útfal hawwe wy dêr mei syn allen in tweintich minuten omrûn foar’t der wêr spiele wurde koe. Mar nei de ferfetting hat Ropta Boys 45+ it ljocht einliks net mear sjoen. Úteinlik rûn it yn de lêste wedstriid ek noch út de hân, troch rebûlje tusken Sietse Monsma fan Dokkum en Jack van der Vorst. De frjemd fluitsjende skiedsrjochter naam yn elk gefal ien goed beslút om de wedstriid earder ôf te fluitsjen. Mar ta beslút is Ropta Boys 45+ einige op it twadde plak efter it sterke Friese Boys. Mar hja binne yn elk gefal net ûnfersleine kampioen wurden. Ropta Boys 45+ har as iennichste ploech punten pakt fan de kampioen. No de útslaggen fan de wedstriden.

Ropta Boys 45+ – F.C. Birdaard 45+ 1-1.

Dit wie in wedstriid mei ien rjochtingsferkear. F.C. Burdaard stie mei 6 man en de keeper foar de lytse goaltsje. Ropta Boys 45+ wie net yn steat om dizze muorre te brekken. In skot op’e latte fan Arnold Nutma wie in hichte punt. Mar krekt foar tiid sloech it needlot ta by Ropta Boys 45+. By ien fan útfallen skeat keeper Marten Kooistra per ûngelok tsjin Sietse Allema oan en falt de wêrom springende bal yn it doel. (0-1) Do moast Ropta Boys yn de lêste minuten op siek nei de gelykmakker en it slagge troch in yndividuele aksje fan Jack van der Vorst. Hy omspiele in pear Burdaarders en skeat fia de binnenkant peal de 1-1 binnen.

Ropta Boys 45+ – Friese Boys 45+ 0-1.

Under lieding fan ús lêste man Sietse Allema hie Ropta Boys 45+ de wedstriid tsjin Friese Boys aardich ûnder kontrôle. Friese Boys krige wol in pear lytse kânskes, mar de grutste kâns wie foar Rota Boys yn de persoan fan Arnold Nutma. Arnold kapte de keeper fan Friese Boys goed út en soe de bal yn it lege goal sjitte, mar mei in ultime refleks tikket de keeper de bal neist. Nei dizze kâns foelen de ljochten út yn Dokkum. Nei tweintich minuten stil sitten kaam der in ferfolch fan de wedstriid. Yn de restearjende tiid wie Ropta Boys 45+ út it ritme. Friese Boys profitearre fia in yn tikker fan Sieger Swart.

Ropta Boys 45+ – Dokkum 45+ 1-2.

Oer dizze wedstriid is in protte te skriuwen, mar dat doch ik net. Lit ik it der ophâlde dat de beide ploegen en de skiedsrjochter striemin wiene in dizze wedstriid. Ropta Boys kaam efter mei 0-1. Dêrnei makke Theunis Linthof mei in skot fan ôfstân gelyk. (1-1) Dokkum kaam dernei op foarsprong, mar it wie in doelpunt mei in luchtsje. In oertrêding op Theunis Linthof seach de skiedsrjochter oer de holle. Ropta Boys 45+ kaam op’nij wêrom troch in prachtige goal út in frije trap fan Theunis. Mar op’e nij pakte de skiedsrjochter de haadrol en karde de goal ôf. Ta beslút makke Jack van der Vorst in lichte oertrêding op Sietse Monsma, mar nei dizze oertrêding begûn Sietse mei Jack te bakkeleien. Dizze aksje wie it sein om mar ôf te fluitsjen. Net in ein mei de skientmespriis, mar it is net oars.

Konklúzje: Net de gelokkichste searje wedstriden foar Ropta Boys 45+, mar wol as twadde einige yn de nei-jierskompetysje is in reedlike prestaasje efter it sterke team fan Friese Boys. Hjirûnder noch efkes de einstân:

1. Friese Boys 45+ 12 – 34.

2. Ropta Boys 45+ 12 – 13.

3. Dokkum 45+ 12 – 11.

4. F.C. Birdaard 45+ 12 – 10.

Yn de foar-jierskompetysje begjinne wy gewoan wêr o’e nij. Dit sil wêze yn maart 2018.

Ferslachjouwer Jan Torensma.