v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ JOUT ROPTA BOYS 3 STOF TA NEITINKEN.

Easternijtsjerk – Freedtejûn wie it einlik safier. Foarich jier wie der al sprake fan, mar doe is it net slagge yn ferban mei de waarsomstannichheden. It like freedtemiddei ek net best, mar freedtejûn wie it fanôf healwei achten droech en koe Ropta Boys 45+ op it grutte fjild oefenje tsjin Ropta Boys 3.
Wy neame ús noch hieltiten Ropta Boys 45+, mar sa stadichoan is elkenien âlder as 50, 55 en sels âlder as 65. Mar dochs is it in unikum dat Ropta Boys 45+ noch 16 spilers hat dy’t ynsetber binne foar dizze ploech.
Ropta Boys 45+ seach yn meerdere opsichten nei dizze wedstriid út. Yn earste ynstânsje om’t wy gjin kompetysje fuotbal spylje kinne troch it wêrom lûken fan Oostergo en GSVV. As twadde om’t wy graach sjen litte wolle dat wy as âldsjes noch net hielendal ôfskreaun binne. Wy wolle wol tajaan dat it net altiten rap giet, mar elkenien kin noch hieltiten in baltsje fêst hâlde, posisjoneel goed stean en in baltsje goed ôfjaan. Ropta Boys 45+ wie krekt as Ropta Boys 3 net hielendal kompleet. Andries Weidenaar en Wiebe Turkstra wiene net oanwêzich en Gerard Torensma hie lêst fan’e knibbel, mar wie wol ynsetber as skiedsrjochter.
Fierder wol ik Ropta Boys 3 wol in komplimint jaan. Hja hawwe yn dizze wedstriid harren sportyf goed hâlden en hiene wol respekt foar de âlde fuotten fan de âlde mannen. No de wedstriid mar.

 
De earste helte wiene beide ploegen oan inoar weage. Beide ploegen krigen kânsen en it wie Ropta Boys 3 dy’t nei tweintich minuten de skoare iepene. Spiler Remy Leusink fan Ropta Boys 3, dy’t in foarbyld is foar alle oaren om’t hy einliks nea gjin training oersleat, set fanôf rjochts de bal strak foar. Foar Ropta Boys 3 spits Andries Visser wie it in kâldkeunstje om de bal efter keeper Marten Kooistra te tikjen foar de 1-0. Nei wat hin en wêr gekeakel fan de âldsjes gie de wedstriid fierder. Krekt as Ropta Boys 3 krige Ropta Boys 45+ ek goeie kânsen. De beide spitsen fan Ropta Boys 45+, Geert van Wieren en Arnold Nutma hawwe harren kânskes hân foar de gelykmakker. Benei wie it 1-1 nei in ôfstânsskot fan Theunis Linthof. Mei de fingertoppen koe keeper Rinse Visser de bal noch ta korner ferwurkje. Mar it wie útstel, om’t tsien minuten foar rêst de terjochte 1-1 op it skoareboerd kaam te stean. Oan de lofterkant wie it Geert van Wieren dy’t in perfekte foarset joech op Arnold Nutma. Dizze goalgetter fan wol ear is it noch net ferleard en sjit de 1-1 binnen. Mei dizze stân wie it rêst nei fjirtich yn pleats fan fiifenfjirtich minuten.

 
Yn de twadde helte spiele Rota Boys 45+ it spultsje goed út. Ropta Boys 3 kaam in kompakt Ropta Boys 45 tsjin yn it fjild. Natuerlik krigen hja noch in pear goeie kânsen, mar Ropta Boys 45+ hat noch in hiele goeie keeper op it doel. Marten Kooistra fielt him as in fisk thús ûnder de latte op gewoan gers. Hy wie in sta yn de wei foar Ropta Boys 3. Tsjinoer it kompakt spylje wie Ropta Boys 45 gefaarlik yn de omskeakeling. Foaral mei tûke passkes binnentroch. In pear kear hie Geert van Wieren en Arnold Nutma de 1-2 op de skoech, mar krekt as Marten Kooistra stie Rinse Visser ek goed te keepen. De wedstriid like op in likespul út te draaien, mar dochs wie it Ropta Boys 45+ dy’t Ropta Boys 3 yn de slotfaze beskamme efter liet. Fia in assist fan Jack van der Vorst ( wa oars soe ik hast sizze) wie it Arnold Nutma dy’t de te fier foar syn goal steande Rinse Visser op fraaie wize kloppe foar de 1-2. Dizze stân kaam net mear yn gefaar, wêrtroch Ropta Boys 45+ nei twa kear 40 minuten Ropta Boys 3 ferbjustere nei de klaaikeamer en kâlde dûse stjoerde.

 
Konklúzje: Ropta Boys 45+ wint fan in jong Ropta Boys 3. Hja wiene tige sportyf, mar einliks moatte de spilers fan Ropta Boys 3 harren dochs in lyts bytsje skamje om te ferliezen fan Ropta Boys 45+. Miskien wie it in ynsidint en dêrom kriget Ropta Boys 3 fan Ropta Boys 45 noch in kâns op revâns. As it safier is sille wy op’e nij de striid mei Ropta Boys 3 oangean. Oant dan.

 
Jan Torensma.