v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA-BOYS 45+ HAT WÊR KLEUR OP’E WANGEN YN DOKKUM.

Dokkum – Dêr sit wêr libben yn Ropta-Boys 45+. Net kwa praten, om’t dat de measten ûnder de 45+ spilers wol hawwe, mar kwa fuotbal sit der wêr libben yn. Trije wike lyn thús op ús eigen sportpark wie Ropta-Boys 45+ gjin skim fan wat hja ferwachtsje kinne fan sokke âld spilers dy’t allegear op nivo spiele hawwe yn it ferline. Ôfrûne freedtejûn wie de twadde kompetysje rûnde by Be-Quick Dokkum. As lieder fan dizze ploech haw ik foarôfgeande oan de wedstriden fersocht om net noch in kear slecht foar de dei te kommen. Ik wit net as it ynfloed hawn hat, mar ien ding wie seker. Ropta-Boys 45+ hat wol deeglik revâns naam op de foarige kompetysje rûnde. Ûnder it each fan twa lieders en Ropta-Boys fotografe Antje Allema herpakte Ropta-Boys 45+ sich yn Dokkum.

Ropta-Boys 45+- VCR 45+ 1 – 0.

Yn de earste wedstriid tsjin VCR 45+ wie Ropta-Boys 45+ hear en master. De bal gie fan foet nei foet sûnder dat VCR 45+ der oan te pas kaam. Ropta-Boys 45+ wie geduldich mei kânskes foar Jaap Wiep Torensma ( ôfswaaier), Arnold Nutma, Jack van der Vorst en Andries Weidenaar. Úteinlik wie it lêste man Sietse Allema dy’t de bal ferovere en dêrnei mei in âlderwetske punter foar de 1-0 oantekende. Dizze foarsprong kaam yn syn gehiel net mear yn gefaar. Ropta-Boys 45+ spile sa konsintrearre dat ús keeper Marten Kooistra gjin rêding hoegde te ferrjochtsjen. In mear as ferstjinne oerwinning foar Ropta Boys 45+.

Ropta-Boys 45+ – Be-Quick Dokkum 45+ 2 – 0.

De twadde wedstriid wie einliks in kopy fan de earste wedstriid. Ropta Boys 45+ liet op’e nij de bal lekker gean binnen de eigen ploech. Be-Quick Dokkum 45+ kaam einliks net fan eigen helte dêrtroch wie it wachtsjen foar Ropta-Boys 45+ op in gatsje yn harren ferdediging. It earste skôt fan Frans Sijtsma wie wol in ôfswaaier, mar de yntinsje om te sjitten wie natuerlik hiel goed. Úteinlik resultearre it oerwicht fan Ropta Boys 45+ yn foldwaande kânsen. Nei noch in pear spjeldeprikken wie it healwei de wedstriid dat Fokke Visser mei in ûnhâldber skôt yn’e krûsing de 1-0 makke. Efkes letter seach Arnold Nutma syn ynset, nei in perfekte foarset fan Andries Weidenaar, op de latte fallen. Dochs kaam it twadde doelpunt op it skôreboard. It wie Theunis Linthof dy’t troch de linies fan Be-Quick Dokkum rûn en dêrnei it oersicht behâlde en de bal keurrich breed spile op Frans Sijtsma dy’t fia binnenkant peal de 2-0 oantekende foar Ropta Boys 45+. Mei dizze twa oerwinnings yn’e bûse wie Ropta-Boys 45+ klear foar de koprinner út ús kompetysje F.C. Burdaard 45+.

Ropta-Boys 45+ – F.C. Burdaard 45+ 0 – 1.

Ek yn dizze lêste wedstriid liet Ropta-Boys 45+ it bâltsje goed gean en kreearre in fjildoerwicht mei in pear lytse mooglikheden fia in skôt fan Arnold Nutma en efkes letter noch in poging fan Andries Weidenaar. Mar healwei de wedstriid gie Ropta Boys 45+ dochs opsichtich yn’e fout. In seer maklik jûne frije traap waard Ropta-Boys 45+ fataal. Ropta-Boys 45+ stie te sliepen en lette net op in gehiel frijsteande spiler fan Burdaard 45+. De frije traap waard simpel nei dizze frijsteande spiler sketten mei as gefolch in maklike yntikker foar de 0-1. Dizze tsjinslach kaam Ropta Boys 45+ net mear te boppe. Ropta Boys 45+ probearre it noch wol, mar it op eigen helte ynsakke Burdaard 45+ joech gjin kâns mear wei. Hja krigen sels noch in grutte kâns, mar dizze waard as iennichste redding dizze jûn troch keeper Marten Kooistra klemfêst pakt. It wie spitich dat dizze wedstriid gjin punten oplevere foar Ropta Boys 45+, om’t hja net minder wienen as de koprinner.

Konklúzje: Der sit wêr in posityfe vibe yn Ropta Boys 45+. Der sit wêr potinsje en progresje yn. Mei twa kear winst en ien ferliesparty sjocht ûnderskreaune de takomst fan Ropta-Boys 45+ wêr wat rooskleuriger temjitte. Mei tank oan asistint lieder Geert van Wieren en fotgrafe Antje Allema foar de taheakke moaie foto’s wie de maitiidsjûn yn Dokkum goed slagge. Oer twa wiken besykje wy it op’e nij yn Rinsumageast by VCR.

Lieder Jan Torensma.

Klik op onderstaande afbeelding voor alle foto’s:

https://myalbum.com/album/9NNfueHaPAVr/?invite=2600c25e-a0ac-4efe-90c8-299ed3115122