ROPTA BOYS 45+ FOAR IT EARST ÛNDERÚT YN KOMPETYSJE FERBÂN.
|Easternijtsjerk – Ropta Boys 45+ moast ôfrûne freed foar de twadde kear spylje yn’e kompetysje ferbân. Ek noch thús op it eigen sportkompleks “De Fiver”. It docht bliken dat thús spyljen foar Ropta Boys 45+ gjin grut sukses is meastentiids. Sa ek dizze freedtejûn. De spilers binne stik foar stik “âlde rotten”, mar skynber leit nettsjinsteande de âldens, der dochs noch drok op dizze spilers. Ropta Boys 45+ moast fuotbalje tsjin Friese Boys 45+ en Opende 45+.
Ropta Boys 45+ – Friese Boys 45+ 0 – 1.
Foarôf wie bekend dat Friese Boys 45+ de sterkste tsjinstanner wêze soe yn dizze foarjiers-kompetysje. De ploech wie warskôge foar de krêft fan dizze tsjinstanner. Beide ploegen hiene de earste beide wedstriden wûn fan’e kompetysje. De ynset wie it earste plak fan dizze kompetysje tusken fiif 45+ ploegen. Ropta Boys 45+ begûn striemin oan dizze wedstriid op it hobbelige fjild. Mar dat is foar beide gelyk. Friese Boys 45+ wie rêstiger oan de bal en elke oanfal kaam gefaar út wei. Ynfaller keeper Wiebe Dijkstra hie it der mar drok mei om syn doel skyn te hâlden. Ropta Boys 45+ spiele fier ûnder harren kinnen. Sjoen it wedstriidbyld wie it ek net ferwûnderlik dat Friese Boys 45+ nei in kertier spyljen op foarsprong kaam mei in ferwoest skot. (0-1) Nei dizze efterstân soe it wurde by Ropta Boys. Ynienen koe de ploech wol fuotbalje. It spul wa folle better en hja krigen ek noch genôch kânsen op de gelykmakker. In skot fan Jack van der Vorst wie in proai foar de goeie keeper fan Friese Boys 45+. Ek Arnold Nutma krige twa kânsen op de lykmakker, mar ek sa faak stie de keeper fan Friese Boys 45+ op it goeie plak. It twadde kertier wie wol foar Ropta Boys 45+, mar de gelykmakker kaam der net mear. Dit betsjutte dat Rota Boys 45+ foar de earste kear yn kompetysje ferbân alle trije punten út hannen moast jaan. Sjoen de gehiele wedstriid wie de oerwinning foar Friese Boys 45+ fertsjinne. As it goed kriget Ropta Boys 45+ yn’e lêste kompetysje rûne de kâns om nochris revâns te nimmen op dizze oerwinning. Einstân: 0-1.
Ropta Boys 45+ – Opende 45+ 10 – 0.
Sa muoilik as it tsjin Friese Boys 45+ gie, sa maklik wie de twadde wedstriid tsjin Opende 45+. Fanôf minút ien wie it ienrjochtingsferkear. Ropta Boys 45+ wie fierste sterk. It heart miskien raar, mar lokkich hie Opende 45+ noch in hiele goeie keeper oars wiene der noch mear doelpunten fallen as de tsien dy’t úteinlik op it wedstriidformulier kamen te stean. Foar Ropta Boys 45+ wiene Geert van Wieren en Theunis Linthof behoarlik sterk yn’e ôfrûning. Hja namen beide trije doelpunten foar harren rekken. Arnold Nutma is it noch hieltiten net ferleard, hy wist twa kear te net te finen. Fierder wie der in hiel moai doelpunt fan Roel Sikkema. Hy tikke de bal troch de fuotten fan’e keeper yn’e goal. Dit ek noch ûnder it each fan syn frou Aukje. Roel skoart net faak, mar miskien as Aukje elke kear komt, de produksje fan Roel omheech sjit. Jack van der Vorst pikte syn goaltsje ek noch efkes mei, wêrtroch Ropta Boys 45+ te maklik sûnder tsjinstân wûn fan Opende 45+. Einstân: 10-0.
Konklúzje: Troch it ferlies tsjin Friese Boys 45+ moast Ropta Boys 45+ de lieding yn dizze 45+ kompetysje út hannen jaan. Friese Boys 45+ hat trije punten mear mei noch fjouwer wedstriden te gean yn dizze foarjiers-kompetysje. De druk leit no by Friese Boys 45+ en Ropta Boys 45+ leit op’e loer om miskien yn’e lêste wedstriden ta te slaan.
Hjirûnder is de kompetysje tuskenstân:
1. Friese Boys 45+ 4 4 0 0 12 15 – 3.
2. Rota Boys 45+ 4 3 0 1 9 18 – 1.
3. VVT 45+ 4 1 1 2 4 4 – 7.
4. Buitenpost 45+ 4 1 0 3 3 4 – 15.
5. Opende 45+ 4 0 1 3 1 2 – 17.
Jan Torensma.