v.v. Ropta Boys sinds 1965

Ropta Boys 45+ fluitsjend nei twa kear winst

Gerkeskleaster/Striebosk – It is sa stadichoan tradysje yn’e 45+ kompetysje dat der in ploech net oanwêzich is. Krekt as de foarige kear wie der op’e nij in ploech net oanwêzich. No wie it Oostergo en de foarige kear wie it GSVV dy’t net genôch spilers hiene. Foar ús, mei genôch spilers, is dat elke kear behoarlik frustrearjend. Mei trije ploegen moatte wy in heal oere wachtsje en dat is net goed foar de âlde stramme spieren. Dochs bliuwe wy posityf. Sa as koptekst oan jout wiene der gjin problemen by Ropta Boys 45+. Fluitsjend, sûnder al te folle ynspanning, wa der wûn fan Bûtenpost en GSVV. Troch dizze winst en troch de winst fan twa wiken ferlien stiet Ropta Boys 45+ fier oan kop mei it maksimum oantal punten út seis wedstriden. Wy as spilers binne der oer út, dat twa kear in oerke training yn’e wike fertuten docht. De kondysje is optimaal by de measte spilers fan Ropta Boys 45+

Ropta Boys 45+ –  Bûtenpost 45+ 4 – 1.

Ropta Boys 45+ hat freedtejûn efkes wat rjocht set tsjin Bûtenpost. Yn Ie hie Ropta Boys de nipte 2-1 oerwinning te tankje oan de talinten fan keeper Marten Kooistra. Ropta Boys 45+ spile dêr in strieminne wedstriid. Ôfrûne freedtejûn wie it wol oars. Ropta Boys 45+ wie rêstiger en folle better. Bûtenpost tikke de bal behoarlik nei inoar ta, mar hja wisten net al te hoefolle kânsen te kreëarjen. By bal ferlies fan Bûtenpost wie de omskeakeling goed. It duorre ek net salang as de 1-0 lei yn’e  touwen. It wie de dizze jûn  Jack van der Vorst, dy’t  it op de heapen hie. Sa ûnder de trekker wei it fuotbalfjild op. Dat neam ik hert foar it 45+- fuotbaljen hawwe. Klasse. Syn ôfstânsskot wie raak foar de 1-0, mar efkes letter ek foar de 2-0. Bûtenpost wie net allinnich taskôger, hja fuotballen behoarlik mei in krigen ek kânsen, mar  Ropta Boys 45+ beskikt net allinnich oer goeie spilers, mar ek oer in betroubere in goeie keeper, Marten Kooistra. Hy pakte in pear ballen fan tichteby. Healwei it heal oere wie it ferset dien fan Bûtenpost. Op oanjaan fan Theun Bouius makke spits Arnold Nutma de 3-0. Dizze efterstân wie net mear te efterheljen foar Bûtenpost. It wie Theunis Linthof dy’t yn’e slotfaze noch efkes syn goaltsje mei pikte. (4-0) Dochs wie it Bûtenpost dy’t de ear rêde troch de einstân op 4-1 te setten. In regelmjittige oerwinning foar Rota Boys 45+.

Ropta Boys 45+ –  GSVV 45+ 7 – 1.

Tsjin it thús spyljende GSVV makke Ropta Boys 45+ der in doelpuntenfestyn fan. Ropta Boys 45+ hie gjin inkelde muoite mei GSVV.  Yn in lyts heal oere makke Ropta Boys 45+ mar leafst sân doelpunten. In der wiene ek moaie doelpunten by. De 1-0 fan Arnold Nutma wie moai. Op in foarset fan rjochts fong hy de bal op de boarst op om dêrnei de bal nei in stuit yn de krusing te jeien. Nei de iepeningstreffer gie it rap mei de doelpunten foar Ropta Boys. Om gjin doelpuntenmaker te ferjitten  wa de 2-0 skoart troch Jack van der Vorst, de 3-0 troch Theunis Linthof, de 4-0 troch Arnold Nutma, de 5-0 troch Jack van der Vorst, de 6-0 troch Theunis Linthof. De lêste wie wêr in hiele moaien.  In doelpunt út it boekje. Spits Arnold Nutma wa mei de rêch nei de keeper yn’e fuotten oan spiele. Hy lei de bal yn ien beweging wêrom op de oankommende Jack van der Vorst dy’t it lêste doelpunt oantekene foar Ropta Boys 45+. Krekt as Bûtenpost  makke GSVV oan it ein fan’e wedstriid noch in fraaie eare treffer wêrtroch de einstân op 7-1 út kaam. As jimme it ferslach lêzen hawwe, dan koene jimme tinke dat de Ropta Boys 45+ allinnich bestiet út de doelpuntenmakers Jack van der Vorst, Theunis Linthof en Arnold Nutma. Mar sa is it net. Wy hawwe in moaie groep fan 16 spilers. De trije mannen koene skoare troch it tariedend wurk fan Andries Weidenaar, Piet Torensma, Roel Sikkema, Theun Bouius, Frans Sijtsma, Gerard Torensma en natuerlik keeper Marten Kooistra. Einstân: 7-1.

It doel wie om folgjende wike 2 oktober 2015 de kompetysje te ferfolgjen by ús op sportpark “De Fiver”. Mar om’t der dan ek net in ploech kin, hawwe wy ôfsprutsen om dizze kompetysje rûne te fersetten nei freedtejûn 30 oktober 2015 by Ropta Boys. De ploegen en de KNVB sil ik hjiroer ynljochtsje.

Jan Torensma.