v.v. Ropta Boys sinds 1965

Ropta boys 45+ fantasearret alwer fan it kampioenskip

Garyp – Freedtejûn moasten de “âlde” mannen en Sietse (noch jong en rap mei 45 jier) nei Garyp. It doel wie om it earste plak werom te feroverjen fan Dokkum. Dizze opdracht wie folbrocht sûnder dat de bal rolle hie. De oarsaak wie dat Dokkum gjin ploech formearre koe, wêrtroch hja ôfsein hiene. Dat is spitich om’t wy natuerlik komme foar trije pôtsje fuotbal. Mar sa stadichoan is it mear regelmaat dan ûtsûndering dat wy fuotbalje kinne tsjin trije tsjinstânners. Mar hjir sille wy ús by deljaan moatte. Ropta Boys 45+ hat in lúkse posysje mei in spilersgroep fan sântjin persoanen.
Mei njoggen spilers wie Ropta Boys 45+ wêr neidruklik oanwêzich. Ropta Boys 45+ kaam sels mei in nije spits yn it fjild. Spits Arnold Nutma wie ferhindere, wêrtroch de fakature frij kaam. Sjoen de balfêstheid fan Jack van der Vorst wie hy de logyske ferfanger yn de spits. Fêsthâlde en ôflizze foar de oanslútende spilers. It kaam der net hielendal út, mar dat leit him net altiten oan de hurdwurkjende Jack van der Vorst. De twadde opdracht wie foar de nestor Frans Sijtsma. Hy krige as linkspoat en plak oan de rjochterkant. Syn ûnneifolgbere sleepbeweging fanôf rjochts nei syn sterke linkerpoat wie de opset. Fan dêrút skôare natuerlik. Ek dizze opdracht kaam net al hielendal út de farve, mar eintsje beslút hawwe wy twa wedstriden ús bêst dien mei in oerwinning en in gelykspul. En noch belangryker, Ropta Boys 45+ pakt de kopposysje wêr yn dizze 45+ kompetysje. Mei noch ien spielrûne te gean en wol thús op ús eigen sportpark, op freedtejûn 25 maaie 2018. Ropta Boys 45+ sil dan de neiste konkurrent F.C. Burdaard 45+ fan it liif ôf hâlde moatte. Mar it bliuwt noch by fantasearjen en dreamen, om’t der noch wol wat barre moat om it earste plak te behâlden.
De tuskenstân nei trije spielrûne is:
1. Ropta Boys 45+ 9 18.
2. F.C. Burdaard 45+ 9 17.
3. Dokkum 45+ 9 12.
4. V en V’68 45+ 9 0.
Noch efkes de útslaggen fan de wedstriden op it moaie sportpark fan V en V’68.

Ropta Boys 45+ – V en V’68 45+ 2 – 0.
De start wie prima fan Ropta Boys 45+. Nei twa minuten hie Jappie de Vries de skoare iepen brekke moatte, mar allinnich foar de keeper skeat hy de bal yn it sydnet. De toan wie set en Ropta Boys wie de bettere ploech, mar sa no dan kaam V en V’68 der gefaarlik út. Mar dizze jûn beskikte Ropta Boys 45+ oer in echte lêste man, Sietse Allema, wêr’t hja as tsjinstânner twa as trije kear omhinne moatte om te skoaren. Dat slagge gjin ploech dizze jûn. In efter Sietse hat Ropta Boys 45+ ek noch in geweldiche keeper te stean dy’t ek dizze jûn wêr de nul hâlde yn beide wedstriden. Nei tsien minuten spyljen kaam Ropta Boys op foarsprong troch Geert van Wieren. Nei goed wêrom lizzen fan Theun Bouius skeat Geert van Wieren goed binnen foar de 1-0. It duorret net lang as de wedstriid wie spiele, om’t Jack van der Vorst út de twadde line úthelle foar de 2-0 einstân. It hienen der mear wêze kinnen, mar de “âlde” master Frans Sijtsma miste fan hiel tichteby troch de bal presies yn’e hannen fan de keeper te sjitten. Mar fierder wie it in deeglike oerwinning foar Ropta Boys 45+.
Ropta Boys 45+ – F.C. Burdaard 45+ 0 – 0.
De ûnderlinge krêftferhâldingen tusken beide poegen binne net sa grút. Ek yn dizze wedstriid net. Yn de begjinfase kaam Ropta Boys 45+ goed wei. Twa kear efter elkoar waard der troch Burdaard op de peal skeaten. Ropta Boys 45+ wie wol sterker mar krearre yn syn gehiel gjin kânsen tsjin in Burdaard, dat sich massaal foar eigen doel ophâlde. Ien kâns krige Ropta Boys 45+ fia Gerard Torensma. In perfekte pass fan Jappie de Vries berikte Gerard by de twadde peal, mar syn ynset belânne neist it doel. Fierder wiene de duels aardich stevich. Fia in bodysjek fleach Geert van Wieren troch de lôft hinne. Gelôkkich foel de skea mei in koe der fierder fuotbalje. Nei 25 minuten bleau it by 0-0 en dat wie sjoen de krêftsferhâldingen wol in juste útslach. Troch dizze útslach bliuwt it spannend hokker ploech op freedtejûn 25 maaie it kampioenskip pakt.
Ta beslút: De tredde helte wie ek dizze jûn wêr top.

Lieder Jan Torensma