ROPTA BOYS 45+ DOCHT HARREN SELS TEKOART OP’E BE-QUICK FJILDEN
|Dokkum – Somtiden sit it mei en somtiden sit it tsjin. Ôfrûne freedtejûn siet it Ropta Boys 45+ behoarlik tsjin op ferskate manieren. Wy hienen freedtejûn it gelôk NET oan ús kont hingjen. In pear kear peal, latte en sels de krúsing wie it lot fan Ropta Boys 45+ op dizze kwa waar hearlike fuotbaljûn.
It doel wie freedtejûn dúdlik. Om de kompetysje noch in bytsje spannend te meitsjen moasten wy einliks trije kear winne op rige. Ûnder it tasjend each fan mar leafst fjouwer supporters lei dat seker ta de mooglikheden. It fuotbal fan Ropta Boys 45+ wie yn elts gefal wol tsien kear better dan de foarige kear by VCR yn Rinsumageast.
De earste wedstrijd tsjin Be-Quick D 45+ begûn Ropta Boys 45+ hiel rêstich, sa as ôfsprutsen, oan de wedstriid. Ûnder lieding fan nestor Frans Sijtsma gie de bal fan fuot nei fuot binnen Ropta Boys 45+. Geandewei de wedstriid kamen de kânsen en de doelpunten. It wie Theun Bouius dy’t de skôre iepene foar Ropta Boys 45+. Dêrnei wienen it Jack van der Vorst twa kear en Wiebe Turkstra ien kear, wêrtroch de einstân útkaam op in 0-4 oerwinning. In ferstjinne oerwinning mei in pear moaie oanfallen dy’t ek omset waarden ta doelpunten. In goed begjin fan de jûn.
Yn de twadde wedstriid tsjin VCR 45+ liet Ropta Boys 45+ in stekje falle om ien fan de Hiemstra broers fan VCR 45+ frij te litten by de twadde peal. Dizze spiler hat mar yn lyts kânske nedich om te skôren, wêrtroch Ropta Boys 45+ betiid op efterstân kaam. Mar ek in dizze wedstriid liet Ropta Boys 45+ fearkrêft sjen. Yn earste ynstânsje skeat Wiebe Turkstra noch op sydkant fan’e peal, mar efkes letter wie it wol raek fia in skôt fan Theun Bouius. (1-1) Dêrnei skeat Andries Weidenaar nochris keihurd krekt lâns de ferkearde kant fan de peal. Spitichgenoch koe Ropta Boys 45+ dizze wedstriid net oer de streek lûke. Einstân 1-1.
De lêste wedstriid tsjin de koprinner út ús kompetysje Burdaard wie úteinlik foar Ropta Boys 45+ in hiele sneue wedstriid. Ropta Boys 45+ wie de gehiele wedstriid de boppe lizzende party. It begûn al mei in ferwoastend skôt fan Gert van der Meulen dy’t út ien spatte op de krúsing. Dit skôt hie mear ferstjinne. Mar te duorre net lang as Ropta Boys 45+ kaam fertsjinne op foarsprong. In geweldiche rin aksje fan Wiebe Turkstra waard op fraaie wize binnen skeaten foar de 1-0 foarsprong. De foarsprong wie terjochte en hie einliks dêrnei oprinne moatten. Ropta Boys 45+ wist in pear 100% kânsen te kreëren fia Theunis Linthof, Roel Sikkema en Jack van der Vorst. Mar hieltiten wie it de keeper fan Burdaard 45+ dy’t redding brocht op de ynsetten fan Ropta Boys 45+. Mar de foarsprong stie en Ropta Boys 45+ kaam yn syn gehiel net yn de problemen tot oan de lêste minuten fan de wedstriid. Yn in wirwar fan spilers kaam Burdaard hiel gelôkkich op 1-1, om’t in hurd ynspiele bal fia in tean ûnbedoeld keeper Marten Kooistra fan Ropta Boys op de ferkearde foet sette en dêrtroch hiel stadich fia binnenkant peal der yn gie. (1-1) Dizze gelykmaker wie pynlyk foar Ropta Boys 45+. Mar it waar noch pynlyker om’t der twa minuten letter op deselfde wize in doelpunt makke waard troch Burdaard. Op’e nij wie it in lucky goal, mar dizze telle ek yn it fuotbal, wêrtroch Ropta Boys 45+ mei lege hânnen oerbleaun en ferlear mei 1-2 tsjin de ferhâlding yn. Troch dizze lette nederlaach is Burdaard net mear yn te heljen yn de lêste kompetysje rûnde thús yn Easternijtsjerk.
Nettsjinsteande de útslaggen kin Ropta Boys 45+ wêrom sjen op in slagge jûn. Net kwa punten, mar wol kwa ynset en fuotbal. Fierder hoopje wy oer twa wiken op freedtejûn 18 novimber ús neijierskompetysje yn styl ôf te slúten. Foar de leafhawwers hjirûnder noch efkes de tuskenstân nei trije kompetysje rûnden.
- Burdaard 9 – 23.
- Ropta Boys 9 – 14.
- VCR 9 – 10.
- Be-Quick D 9 – 3.
Lieder JT.