RB 45+ komt krekt tekoart op it OFK YN FRENTSJER
|Frjentsjer – Ropta Boys 45+ hat in nij haadstik taheakke oan harren ryk ferline as 45+ ploech. Ropta Boys 45+ hat ôfrûne sneontejûn fertsjinstlik meidien oan it alderearste Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal yn sporthal “De Trije” te Frjentsjer. Ropta Boys 45+ miste op in hier nei de kwartfinale troch in falske start yn’e earste wedstriid tsjin Blau-Wyt’58. As âlde fanatike rotten moat it in oarsaak hawwe wêrom wy op in hier nei de kwartfinale strûpe litte moasten. Mei in bierke nei ôfrin wurde ferskate oarsaken oanfiert. De earste wie dat wy as spilers wenne moasten oan it fuotbaljen yn’e seal, mar oan ein fan de jûn en in pear liters bier fierder, wie it de lieder dy’t mei in ferkearde opstelling en ferkearde spilers yn’e basis begûnen wie. Wat de oarsaak ek wêze sil, it wie in grut sukses foar Ropta Boys 45+. Nei ôfrin die it ús goed om te hearren dat Foarút, wêr’t wy gelyk tsjin spiele hawwe, it toernoai wûn hat troch Be-Quick Dokkum yn’e finale te ferslaan. Nei trije moaie wedstriden en in gesellige jûn yn’e kantine wie dizze earste kear yn’e seal in boppeslach foar Ropta Boys 45+. Folgjend jier binne wy natuerlik wêr fan’e party op it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal.
Fierder sil ik jimme ús resultaten net ûnthâlde.
Ropta Boys 45+ – Blauw-Wit”58 45+ 1 – 2.
Sa as oanhelle begûn Ropta Boys wat skrutel oan harren earste sealfuotbal minuten. Beide ploegen wiene lykweardich. Blauw Wit’58 kaam op foarsprong, mar it duorre net lang dat Ropta Boys fia Jack van der Vorst op gelike hichte kaam. De wedstriid fertsjinne einliks gjin winnaar, mar yn’e slotfaze moast ús foartreflik keepjende Wiebe Dijkstra de bal glûpe litte, wêrtroch Blauw-Wit wûn. It ferlies soe oan it ein gefolgen hawwe foar Ropta Boys om fierder te gean.
Ropta Boys 45+ – Oudega 45+ 10 – 0.
Yn’e twadde wedstriid wie Ropta Boys behoarlik op dreef en hja skoarden der mar op los. Neffens my berikte Ropta Boys de grutste útslach fan de jûn. Yn in kertier tiid tsien kear it net fine is wol in unikum. Der wiene ek in pear hiele moaie sealfuotbal doelpunten by. De doelpunten kamen op namme fan Geert van Wieren (3x), Theunis Linthof (3x), Piet Torens (2x), Roel Sikkema (1x) en Frans Sijtsma (1x).
Ropta Boys 45+ – Foarút 45+ 1 – 1.
Ropta Boys 45+ moast dizze wedstriid winne om nei de kwartfinale te gean. Yn de beste wedstriid oan Ropta Boys harren kant slagge it krekt net. Yn’e lêste minút wie it keeper Wiebe Dijkstra dy’t mei fuotbaljen gie en in hiele grutte kâns krige om Ropta Boys nei de kwartfinale te sjitten. It slagge net om’t syn skot fia de peal foar it doel lâns gie yn pleats fan deryn. It wie in prachtige iepen wedstriid mei grutte kânsen oan beide kanten. Foarút kaam op foarsprong, mar ús sealfuotballer mei de measte ûnderfining, Frans Sijtsma, makke op skitterjende wize gelyk. Foarút krige kânsen, mar keeper Wiebe Dijkstra wie net mear te ferskalken en oan de oare kant pakte de keeper in punter fan Piet Torensma. It slagge Ropta Boys 45+ krekt net om Foarút te ferslaan, wêrtroch de útslach fan de earste wedstriid Ropta Boys de das om docht.
De einútslach:
1. Foarút 45+ 3 – 7 10 – 1.
2. Blauw Wit 45+ 3 – 6 7 – 3.
3. Ropta Boys 45+ 3 – 4 12 – 3.
4. Oudega 45+ 3 – 0 1 – 23.
Konklúzje: Ropta Boys 45+ hat in slagge sealfuotbal debút makke op it earste Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal. Tige tank foar jimme ynset en geselligens Wiebe Dijkstra, Frans Sijtsma, Theunis Linthof, Roel Sikkema, Piet Torensma, Geert van Wieren en Jack van der Vorst.
Ferslachjouwer Jan Torensma.