v.v. Ropta Boys sinds 1965

Muoilik skoarend ropta boys 45+ spilet twa kear gelyk

Feanwâlden – De kompetysje foar Ropta Boys 45+ is wêr útein set. It begûn net goed. Der wie fuortendaliks wêr in tsjinfaller, om’t de v.v. Dokkum 45+ ferstek gean liet troch ôf te beljen. Hjirtroch sitte wy in heal oere stil en dat befoardert de linichheid fan de spieren net.
Mar mei njoggen spilers wie Ropta Boys 45+ wêr present en wie de earste wedstriid tsjin de thúsploech Feanwâlden fourtendaliks in swiere wedstriid. Dêrnei wie der in heal oere rêst en do moast Ropta Boys 45+ de jûn ôfslúte tsjin VVT 45+, de âlde ploech fan ús spiler Geert van Wieren.
Foar’t ik it ferjit, ús ienichste supporter Albert van der Vliet wolle wy efkes tanksizze foar syn support.
Miskien komt it wêr ta in comeback fan Albert van der Vliet yn Ropta Boys 45+. Hy hat it Ropta Boys fuotbal firus wêr in bytsje wêrom troch sich wêr sjen te litten op it tréningfjild.
Hjirûnder noch inkele hichte- en djipte punten fan de troch ús spiele wedstriden.
Feanwâlden 45+ – Ropta Boys 45+ 0 – 0.
Dizze wedstriid wie fan lykwurdich nivo. De wedstriid hie beide kanten útfalle kinne. Beide sântallen wiene hiel tichteby de iepeningstreffer. Earst wie it Andries Weidenaar dy’t mei syn skôt de bûtenkant fan de peal rekke. Efkes letter wie it keeper Marten Kooistra dy’t de bal mei syn hannen fan de doelline wei tikke. It spul gie hin en wêr en nei in heal oere wienen de beide keepers de útblinkers om’t hja harren ploech op in puntendieling hâlden. De keeper fan Feanwâlden hie einliks gjin bal klemfêst, mar hy kaam der hieltiten goed mei wei, om’t Ropta Boys 45+ net attint wie foar it doel. Nei in heal oere fuotbalje koe Ropta Boys 45+ frede hawwe mei de eindútslach fan 0-0.
Ropta Boys 45+ – VVT 45+ 1 – 1.
Dizze wedstriid moast de wedstriid wurde fan de eks-VVT-er ûnder ús, Geert van Wieren. Mar heechwarskynlik hie ik as lieder de drôk wat tefolle op syn skouders lein. De drôk op syn skouders wie tefolle fan it goeie as wie der miskien in foarm fan omkeaping yn it spul. Dat lêste kin ik mei einliks net foarstelle oangeande syn berôp yn it daagliks libben. Ien ding wie wol seker de iepeningstreffer fan VVT hie foarkommen wurde kinnen as Geert van Wieren efkes mei syn man mei rûn wie. In foarset fan de motor by VVT, Riemer Dorenbos, koe maklik binnen tikt wurde troch in VVT spiler. (0-1) Nei dizze efterstân gie Ropta Boys op jacht nei de gelykmakker. Dat wie net sa maklik, om’t skoarend fermogen dizze jûn fier beneden peil wie. Ropta Boys krige wol kansen mar wie yn it ôfrûnden slecht. Troch de drôk fan Ropta Boys op it VVT doel wie it ek noch oppassen foar de kounter fan VVT. It bleau hiel lang 0-1 foar VVT en it like der op dat Ropta Boys dizze jûn net ta skouren kaam. Mar úteinlik brocht Theun Bouius útkomst troch flak foar it ein de befrijde treffer te skoaren. Sjoen it spul hie Ropta Boys mear ferstjinne, mar dan moat de bal wol yn it netsje. Hjir hie Ropta Boys dúdlik in hiel protte muoite mei dizze jûn. Mar de kop fan de kompetysje is der ôf. Oer twa wike, 28 septimber 2018, probearje wy it op’e nij yn Dokkum.
De tuskenstân yn dizze kompetysje stiet hjirûnder opskreaun.
1. Feanwâlden 45+ 3 – 7 5 – 1
2. Ropta Boys 45+ 3 – 5 3 – 1
3. VVT 45+ 3 – 4 4 – 4
4. Dokkum 45+ 3 – 0. 0 – 6

Ferslachjouwer Jan Torensma