v.v. Ropta Boys sinds 1965

MAR IEN SKRAAL PUNTSJE FOAR ROPTA BOYS 45+.

Dokkum – Ôfrûne freedtejûn koe Ropta Boys 45+ in begjin meitsje oan de foarjierskompetysje. Hja binne yndield by Dokkum 45+, Grypstjerk 45+ en Friese Boys 45+. De lêste jierren wie Ropta Boys 45+ behoarlik suksesfol. Skynber tinke jo dat it dan altiten sa giet, mar dêr is Ropta Boys 45+ freedtejûn wol efter kaam dat it net sa is. Bytsje bettere tsjinstanners en sels min spylje en somtiden in bytsje nayf spylje, resultearre yn twa nederlagen en ien gelyk spul. Ien foardiel hawwe wy no wol as Ropta Boys 45+. It kin hast net minder yn de trije ferfolch freedtejûnen.

 
Dokkum 45+ – Ropta Boys 45+ 2-0.
Tsjin dizze nije tsjinstanner begûn Ropta Boys poer min oan de kompetysje. Fan ôf it begjin wie Dokkum better. Hja krigen in pear grouwe kânsen, mar keeper Marten Kooistra wie net fan plan om te kapitulearjen. Do’t de stoarm fan Dokkum lizzen gie kaam Ropta Boys 45+ better yn’e wedstriid in kreëarre in pear kânsen fia Jack van der Vorst, Geert van Wieren en Arnold Nutma. Mar do sloech it needlot ta. Elkenien fan Ropta Boys 45+ wie yn’e oanfal. De Dokkum keeper kriget de bal en goait yn ien kear nei de spits dy’t fuortendaliks each yn each kaam te stean mei keeper Marten Kooistra. Dizze kear wie de spits behindich en tikke de bal binnen foar de 1-0. Twa tellen letter hie Ropta Boys 45+ neffens in protte spilers in penalty hawwe moatte. De foarset fan Piet Torens wurde tichteby de goal mei de hân tsjin hâlden. De Skiedsrjochter oardiele oars en yn’e tsjin oanfal makke Dokkum it karwei ôf en skoarde mei alwer in oer tal situaasje de 2-0. Roel Sikkema makke him hjiroer terjochte lilk, mar net allinne oer de hânbal, mar natuerlik ek oer it strieminne optreden fan Ropta Boys 45+. Dizze stân wie tagelyk de einstân. It wie net sa dat Ropta Boys 45+ fuort spiele wa troch Dokkum, mar it wie wol te sjen dat Dokkum folle folwoeksener spiele dan Ropta Boys 45+. Ropta Boys 45+ siket meastentiids de oanfal, mar tinkt dan te min oan ferdigenjen en kin by in útbraak fan de tsjinstanner net op tiid wêrom komme.

 
Grypstjerk 45+ – Ropta Boys 45+ 4 – 1.
Deselde fout as tsjin Dokkum bruts Ropta Boys 45+ hielendal op tsjin Gryptsjerk. Te min mei ferdigenjen en persoanlike fouten leine oan’e basis fan dizze grouwe nederlaach. Grypstjerk kaam fia in korner op 1-0. Dat moat natuerlik nea kinne op sa’n lyts fjild mei sa’n lytse goal. Dochs kaam Ropta Boys sterk wêrom en makke Frans Sijtsma de gelykmakker op oanjaan fan de assisten kening Jack van der Vorst. ( Dit moast yn it ferslach) Nei dizze gelykmakker gie it hiel efkes better mei Ropta Boys 45+, mar op’e nij bleaun it by in pear ôfstânsskotten sûnder al tefolle gefaar. Mar troch in prachtige goal bûtenkant skoech makket Ron de Boer de 2-1. Dêrnei is it wêr folsleine maleisse en rint Gryptsjerk út nei in grutte foarsprong fan 4-1. Yn’e slotfaze kriget Piet Torensma noch in twahûndert persint kâns, mar fan tichteby skeat hy rjocht op de keeper ôf yn pleats fan by de keeper lâns. Dizze party wie Ropta Boys 45+ ûnweardich en de folgjende kear moat it wol oars. It wie spitich foar de taskôgers fan Ropta Boys 45+ dy’t de muoite naam hawwe om te kommen. It wie einliks sa min dat wy as Ropta Boys 45+ groep hja de benzine kosten wol wêrom betelje meie.

 
Ropta Boys 45+ – Friese Boys 45+ 1 – 1.
Nei twa nederlagen wie der einliks tsjin Friese Boys in lyts bytsje wêrom te sjen fan it Ropta Boys 45+ fan eardere seizoenen. Fan ôf it begjin wie der mear striid, mear fuotbal, mear kânsen en úteinlik in terjochte gelyk spul. Ropta Boys 45+ kaam al nei twa minuten spyljen op foarsprong. It wie Theun Bouius dy’t hurd úthelle en de keeper fan Friese Boys kânsleas liet foar de betide 1-0 foarsprong. Dêrnei wa’t in iepen wedstriid mei oan beide kanten mooglikheden en kânsen om fierder út te rinnen as gelyk te meitsjen. Foaral Arnold Nutma, Yme Braaksma en Geert van Wieren hiene de kânsen wol om te skoaren, mar it moat sein wurde dat Friese Boys in hiele goeie keeper op de goal hiene te stean. Ropta Boys 45+ hie lang sicht op de oerwinning, mar yn’e einfaze gie it dochs wêr mis, om’t der net koart genôch ferdidige wurd op de man. In Friese Boys spieler krige tefolle romte om te sjitten. It skot koe net klamfêst hâlden wurde troch keeper Marten Kooistra, wêrtroch de rebound in yn tikker betsjutte foar de 1-1. Dizze stân bleaun stean mei as gefolch dat Ropta Boys 45+ dochs noch ien puntsje binnen helle op dizze desastreuze earste kompetysje rûne.

 
Konklúzje: In striemin begjin, mar mei sa’n begjin kin it neffens my allinnich mar better gean. Freedtejûn 8 april 2016 probearje wy it op’e nij. Der falt yn elk gefal hiel wat rjocht te setten.

 
Lieder Jan Torensma.