v.v. Ropta Boys sinds 1965

KAMPIOENSFOTO  ROPTA BOYS  B-JUNIOREN  SEIZOEN 1972-1973.

Dokkum – Dizze wike in kampioensfoto dy’t makke is op sneon 14 april 1973. In foto fan benei 43 jier âld. It binne de Ropta Boys B-junioren fan it seizoen 1972-1973. It binne twa foto’s. Ien yn kleur en ien yn swart wyt. As jimme goed sjogge binne it deselde spilers, mar der binne  twa fan plak ferwiksele. Neffens it stikje wat ûnder dizze foto stie  yn’e krante, wiene hja mei noch twa wedstriden te spyljen al kampioen. Oant dizze foto ta, wie der noch gjin ien wedstriid ferlern. Ien wedstriid einige yn in gelyk spul. De nammen fan de spilers sil ik jimme net ûnthâlde. Ik nim de spilers fan de swart-wyt foto.

Steande fan links nei rjochts: Leo Nicolai, Jopie de Vries, Dirk Bergema, Pieter Braaksma, Metske van der Meulen, Bram Weidenaar, Joe Hania en trainer Gosse Braaksma.

Sittend fan links nei rjochts: Bote Kooistra, Klaas Sijtsma, Bean Braaksma, Livius Meinsma, Siebe Jongeling en Albert van der Vliet.

Argivaris Jan Torensma.

RB B 19721973

 

RB B 19721973 2