v.v. Ropta Boys sinds 1965

KAMPIOENSFOTO ROPTA BOYS 2 FAN IT SEIZOEN 1992-1993.

Dokkum – Dizze wike in kampioensfoto fan 23 jier lyn. Ik kin foaral de kampioenswedstriid tsjin Trynwâlden noch wol foar de geast helje. Net it fuotbal mear, mar wol de hitte op de sneon dat wy út fuotbalje moasten tsjin ús konkurrint foar de titel. Nei de wedstriid gie it sommige spilers sels oer de lea. It wie gewoan net ferantwurde om te fuotbaljen, mar dochs is der spiele. Jimme kinne lêze hoe as de wedstriid is ferrûn yn it taheakke kranteknipsel. Fierder is taheakke de kampioensfoto, wêr’t Roel Sikkema, Tjalling Nutma en trainer Gerrie de Boer ûntbrutsen. Op fersyk fan ien fan dizze spilers lit ik de kampioensfoto ôfdrukke, mar deselde spiler woe ek noch in oare foto op de Ropta Boys site sjen litte, dy’t eartiids ek makke is. It is in minder oantreklike foto dan de kampioensfoto. Mar op fersyk is der hjirûnder pleats yn’e ôfplakte foarm. De spiler dy’t op’e hurken sit moat it hjir meidwaan.

 

Argivaris Jan Torensma.

RB2 19921993 verslagRB2 19921993

 

RB2 19921993 2