v.v. Ropta Boys sinds 1965

KAMPIOENSFOTO ROPTA BOYS 2 FAN IT SEIZOEN 1978-1979.

Dokkum – Oangeande dizze kampioensfoto bin ik te riede gien by myn kollega Marten Tacoma, dy’t ek op dizze kampioensfoto stiet. Wy binne der oer út dat dit in kampioensfoto is fan Ropta Boys 2 út it seizoen 1978-1979 is. Fierder hawwe wy alle nammen op ien nei foarelkoar krigen. Hooplik kin ien fan de lêzers fia de Ropta Boys site as fia facebook de ûntbrekkende namme oan ûnderskreaune troch jaan. Dat soe moai wêze. Hjirûnder steane de spilers neamt dy’t op de foto steane.

Boppe fan links nei rjochts: Reinder K Reinders, grinsrjochter Evert Sjoerdstra, Teake Veendorp, ?????????????, Gosse W Braaksma, Cees Stobbe, Daan Wouda en Marten Tacoma.
Under fan links nei rjochts: Ljibbe T Weidenaar, Riel Dijkstra, Renze Wouda, keeper Jilles Meinema, Lykcle de Boer en Roel Bosma.

Jimme kinne oan de kleuren sjen dat it iene Ropta Boys shirt wat faker wosken is dan de oare.

Ien boskje blommen foar oanfierder en noch hieltiten gjin skonkebeskermers.

Argivaris Jan Torensma.

RB2 197879