v.v. Ropta Boys sinds 1965

Jenne Ljibbe kriget flashback en mist wer

Ropta Boys 3 hie sneon in  op papier maklike wedstriid tjsin it leech klassearde De Walden 2. Dochs wie it De Wâlden dy’t op foarsprong kaam. Nei in wârskowing troch in skot op de peal wêr’t lêste man Linthof Senior net alhiel frijút gie, kaam De Wâlden op foarsprong troch in bêst ynsketten frije trap fan in meter as tritich. Dochs wie Ropta Boys de bettere ploech en krige kâns op kâns. Mar de foarynsen stiene ek geregeld bûtenspul. Nei in kwartier wie it Andries Visser dy’t op in moaie foarset fan GP Weidenaar de lykmakker binnentikke. Neidat keeper Rinze Visser noch in trochbrutsen spiler fan de Wâlden wist te kearen wie it Tsjeard Bekker dy’t Ropta Boys op foarsprong sette troch in moaie foarset fan Ate Piet Hoekstra binnen te skoppen. Krekt letter makke Tsjeard de 1-3 troch in moaie solo troch it sintrum fan de De Wâlde ferdediging. Even letter wie it Andries Visser dy’t op in foarset fan Theunis Talstra fan achterút de bûtenspul fal wist te omseilen en mei in moaie lob de keeper fan De Wâlden wist te ferskalken. Reststân 1-4.
Yn de twadde helte kaam De Wâlden der hielendal net mear oan te pas. Mar Ropta Boys hie dochs wol wat moaite om de skoare út te wreidzjen. Kâns op kâns waard ferprutst. Yn de tredde minuut wie it ynfaller Jenne Ljibbe dy’t op oanjaan fan Andries Visser syn earste fan it seizoen meitsje koe. Echter foardat hy oanlizze soe krige hy in flashback fan in identike situaazje út syn earste jierren by de pupillen. En krekt as doe skeat hy foar in iepen goal de bal dochs noch tjsin de keeper oan. Mar leider Andries Visser koe der ek wat fan en rekke noch in pear kear de keeper wylst de goal makliker te reitsjen west hie. It wie ek net maklik fuotbaljen omdat de Wâlden mei de measte spilers foar de goal hingjen bleau en der net in protte romte wie foar Ropta Boys. Nei in minuut as tritich joech Andries in moaie bal op Gerard Peter dy’t op snelheid om de ferdiging rûn en de 1-5 binnen skeat. Doe waard Andries wissele en soe Remy Leusink noch even wat sjen litte foar syn fanklub (dy’t syn earste helte mist hie), mar de skiedsrjochter fluite doe nei in pear minuten al rom foar tiid foar de lêste kear. Sa bleau it by 1-5.