v.v. Ropta Boys sinds 1965

IT ROPTA BOYS ARGYF.

Dokkum – No’t der fuotbaljend net safolle te belibjen is, is it miskien wol wêr in kear tiid foar wat kranteknipsels mei foto’s fan eartiids. Ôfrûne sneon wie de 20e crossloop fan de v.v. Ropta Boys. De 1e crossloop fan de v.v. Ropta Boys wie op 28 jannewaris 1989. Hjirfan is in kranteknipsel mei foto bewarre bleaun. De earste winner wie eartiids Arnold Nutma. Tusken de earste crossloop en de op 2 jannewaris 2016 hâlden crossloop sit 27 jier. Yn de begjin tiid is de crossloop nei in pear net mear hâlden om’t de animo der net wie, mar gelokkich is dizze tradysje op’e nij yn gong set en hawwe wy as Ropta Boys de crossloop tweintich kear hâlden. Taheakke is it kranteknipsel mei foto. De namen ûnder de foto steane wat kris kras trochinoar, mar jimme kinne der fêst noch wol út komme wa’t wa is.
JT

RB crossloop 1