v.v. Ropta Boys sinds 1965


It ‘nije’ Ropta Boys argyf

Dokkum – Sa as de measten witte hat de fuotbalklup Ropta Boys in frij grut argyf.
It argyf fan’e fuotbalklup Ropta Boys is in samling fan dokuminten, lochboeken, kranteknipsels, notulen, foto’s en oare stikken en oantinkens út it ferline. Sa’n samling moat natuerlik in bewarplak hawwe en sa’n samling moat in behearder hawwe.

 

Bewarplak Ropta Boys argyf.

It bewarplak wie jierren de souder fan’e argivaris. Mar dêr is no feroaring yn kommen. Noch net sa lang lyn haw ik as argivaris in rûn argyf oanskaft. It argyf is no beheind op’e fjouwer kante meter. Hjirtroch is it in moai in oersichtlik draaiend argyf wurden. Om jimme in yndruk te jaan fan it nije Ropta Boys argyf is in foto taheakke oan dizze berjochtjouwing. Mei dizze rûn draaiende argyftoer kin der wêr in protte gearre wurde fan it heden foar it ferline. It twadde doel is om de no noch yn alle ferskillend kleurjende mappen, om te setten nei giel en griene mappen. In argyf mei mappen yn’e klubkleuren fan’e fuotbalferiening Ropta Boys.

Foto fan argyf toer Ropta Boys.

Behearder Ropta Boys argyf.

Troch it oanskaffen fan in nij argyf hat de argivaris yn’e persoan fan ûnderskreaune wêr genôch romte om guod fan de fuotbalferiening Ropta Boys te sammeljen. Dêrom soe ik as behearder fan it Ropta Boys argyf help hawwe wolle fan elkenien dy’t noch immen guod hat oer of fan Ropta Boys. Sa as jimme miskien witte bestiet ús fuotbalferiening op 16 septimber 2015 mar leafst 50 jier. Miskien is it moai om op ien of oare wize 50 jier Ropta Boys yn byld te bringen by elkenien tidens it 50-jierrich jubileum.

Net allinnich hjirfoar, mar in argivaris is noait klear mei sammeljen en wol graach it argyf sa kompleet mooglik hawwe en help fan tredden is hjirby nedich.

Dêrom nochris in oprôp oan elkenien:

Hawwe jimme noch dokuminten, kranteknipsels, notulen, foto’s of oare stikken en oantinkens fan Ropta Boys!!!! As jimme dizze stikken misse kinne soe ik as argivaris graach dizze oantinkens fan jimme bewarje wolle yn it Ropta Boys argyf. Wolle jimme de stikken net misse, wat somtiden logysk is, dan soe ik graach de stikken efkes liene wolle om se yn te skinnen.

Ik hoopje fia jimme it argyf noch grutter te meitsjen.

Jimme kinne my op ferskillende wize berike:
Oan’e jas lûke op en rûnom it Ropta Boys fjild.
Per e-mail: torensma@hetnet.nl of torensmajan@gmail.com.
Per telefoan: 0519-220366 of mobyl 06-52340996.

Alfêst by foarbaat tank.

Argivaris  Jan Torensma.