v.v. Ropta Boys sinds 1965

FREEDTEJÛN 20 MAAIE FOARRÛNDE NEDERLANSK KAMPIOENSKIP ROPTA BOYS 45+

Dokkum – Kommende freedtejûn 20 maaie 2016 sil Ropta Boys 45+ op’e nij meidwaan oan de foarrûne Nederlansk Kampioenskip 45+. Natuerlik is elkenien fan herte wolkom om ús oan te moedigen. Wy spylje freedtejûn yn Ljouwert en wol op de keunstgêrsfjilden fan S.V. Leovardia. Ropta Boys 45+ is yndield yn poule 2 by S.C. Leovardia 45+, Ljouwerter Sweltsjes 45+ en Zeerobben 45+.

 
It wedstriidskema is:
19.00 oere Ropta Boys 45+ – Zeerobben 45+
19.44 oere Ropta Boys 45+ – Ljouwerter Sweltsjes 45+
20.28 oere Ropta Boys 45+ – S.C. Leovardia 45+

 
Der binne trije poule’s fan 4 teams. De winner fan elke poule moat nochris tsjin inoar om út te meitsjen hokker twa ploegen troch meie nei de distriktfinale op freedtejûn 3 juny 2016.
Taheakke is it wedstriidprogramma yn PDF..
Lâns dizze wei binne jimme útnûge om ús oan te moedigen.

Lieder Ropta Boys 45+.