v.v. Ropta Boys sinds 1965

DE WESTEREEN 35+ WINT IT 2E SKILDERSBEDRIUW NUTMA TOERNOAI.

Easternijtsjerk – Op inisjatyf fan Arnold Nutma wie der ôfrûne freedtejûn, om it seizoen 2015-2016 ôf te sluten, in toernoai tusken de ploegen De Westereen 35+, Be-Quick D 35+, Friese Boys 45+ en de ploech wêr’t sponsor Arnold Nutma sels diel fan útmakket Ropta Boys 45+. It wie prachtich moai fuotbal waar op sportpark “De Fiver” te Easternijtsjerk. Der is efkes moai fuotballe troch de fjouwer sân-tallen mei De Westereen 35+ as úteinlike en terjochte winner.

 
Barbecueë.
Nei ôfrin fan it toernoai hie sponsor Arnold Nutma in foar treflike barbecue regele. Elkenien koe hearlik oan it barbecueë nei trije wedstriden fan fiifentweintich minuten fuotbaljen. Der wie mear as genôch salade en fleis en it wie beregesellich nei ôfrin yn’e kantine fan de v.v. Ropta Boys. Derneist binne wy as spilers ôfrûne freedtejûn tige bedjert. Om’t skildersbedriuw Nutma ek haadsponsor is fan Ropta Boys en foaral de grutte en jierrenlange sponsor is fan Ropta Boys 1, wie der in prachtich inisjatyf fan inkelde spilers fan Ropta Boys 1. Hja hawwe de hiele jûn ûs fersoarge. Der wiene twa skiedsrjochters dy’t de wedstriden lieden, der wiene in pear spilers dy’t kantine tsjinst draaiden. In der wiene in pear foar ús dy’t barbecueden, wêrtroch wy alhiel yn’e watten lein waarden. In prachtich moai gebear fan de spilers fan Ropta Boys 1 rjochting harren haadsponsor Skildersbedriuw Nutma. Tusken it barbecueë troch hawwe wy noch in pear rûnen read fan fortún spiele mei ek nochris prachtich moaie prizen. Benei elkenien wûn ek noch in moai pryske. It wie yn ien wurd in prachtige ôfsluting mei grutte tank oan sponsor Arnold Nutma fan Skildersbedriuw Nutma út Mitselwier. It wie super foar inoar.

 
Wedstriden en einstân.
Ik soe hast ferjitte dat der ek noch moai en sportyf fuotballe is en dat ploegen mei de jongste spielers dochs it bêste foar de dei kamen.

De útslaggen steane hjirûnder opskreaun.
Ropta Boys 45+ – De Westereen 35+ 1 – 2.
Friese Boys 45+ – Be-Quick D 35+ 1 – 2.
Ropta Boys 45+ – Friese Boys 45+ 1 – 2.
De Westereen 35+ – Be-Quick D 35+ 3 – 2.
Ropta Boys 45+ – Be-Quick D 35+ 2 – 3.
Friese Boys 45+ – De Westereen 35+ 2 – 4.

 

De einstân:
1. De Westereen 35+ 3 – 9 9 – 5.
2. Be-Quick 35+ 3 – 6 7 – 6.
3. Friese Boys 45+ 3 – 3 5 – 7.
4. Ropta Boys 45+ 3 – 0 4 – 7.

 
Om noch efkes oer ús eigen sân-tal Ropta Boys 45+ te sprekken. Nettsjinsteande de trije nederlagen is der moai fuotballe.Troch wat tsjokke persoanlike fouten krigen wy in pear doelpunten tsjin, mar dêr stie tsjinoer dat alle wedstriden mar mei ien doelpunt ferskil wa ferlern. Tsjin de úteinlike winner, de Westereen wie Ropta Boys 45+ net kânsleas. Mar it iene doelpunt fan sponsor Arnold Nutma wie net genôch foar punten. De twadde wedstriid tsjin Friese Boys 45+ binne altiten spannende wedstriden. Faak lûke wy oan it koarste ein en ek dizze jûn moasten wy ús meardere erkenne yn harren. Wy kamen troch Theun Bouius noch wol op foarsprong, mar Friese Boys pakte yn’e slotfaze dochs noch de oerwinning. De lêste wedstriid tsjin Be-Quick 35+ like net sa goed te ferrinnen. Wy kamen al rap op in 3-0 efterstân, mar dochs wisten wy sterk wêrom te kommen troch doelpunten fan Arnold Nutma en Theunis Linthof. Mar de gelykmakker siet der net mear yn. Sa kaam der in ein oan it seizoen fan Ropta Boys 45+. It folgjende seizoen hoopje wy wêr mei nije moed fierder te gean.
Ta beslút wolle wy Friese Boys noch tank sizze foar it feit dat hja op it lêste momint noch ynfalle koene foar Zuidhorn 45+, dy’t ôfsein hiene.

 
Jan Torensma.