v.v. Ropta Boys sinds 1965

DE FOARM FAN ROPTA-BOYS 45+ WIE FIER TE SYKJEN YN HARREN THÚSWEDSTRIDEN.

Easternijtsjerk – Ja, wêr leit it oan dat Ropta-Boys 45+ sich yn de thúswedstriden net altiten sjen lit? Binne it senuwen by de âlde mannen, mar dat kin hast net as jo spylje mei safolle ûnderfining yn it fuotbaljen. Miskien wie om’t ús Ropta-Boys fotografe Antje Allema der wie om moaie foto’s te meitsjen. Miskien koenen hja de drôk net oan en wienen hja mear bezich mei hoe moai en goed kom ik op de foto. Ik wit net. As wie it om’t ien fan ús sterkhâlders , Andries Weidenaar, der niet wie fanwege in blessuere. Sa kin ik wol mear betinke. Mar lit ús mar earlik wêze, it grutste part leit natuerlik oan ús âldens. Wy kinne it net allegear mear berinne en wy binne oer it algemien faker te let dan op’e tiid. Natuerlik is dit gjin skânde. Mei dizze wittenskip sille wy de kommende tiid miskien faker in mindere as bettere wedstriid spylje. Hjir lizze wy ús natuerlik net by del, mar wy dekke ús sawol yn foar de kommende tiid.

De earste wedstriid begûn Ropta Boys 45+ sterk tsyn de oansteande kampioen. It earste kertier krige Ropta Boys 45+ twa dikke kansen om te skôren. De earste kans fan Arnold Nutma belânne op de peal. De twadde kans fan Theunis Linthof wa op it lêste momint noch blokt troch in Bergum spiler. Mar dêrnei wie it Burgum wat de klok sloech. Binnen in koart skôfke tiid wie it 2-0 foar Burgum mei moaie útspiele doelpunten. Doelpunten wêr’t ús útblinkende keeper Marten Kooistra ek neat mear oan koe dwaan. De skea foar Ropta Boys 45+ koe fierder beperkt bliuwe mei tank oan keeper Marten Kooistra, dy’t sels syn libben hast riskearde troch mei syn holle tsyn de peal te dûken. Gelôkkich foel it ta en kaam hy der mei in skram en in dikke bult noch goed foar wei. Einstân : 2-0.

De twadde wedstriid tsjin VCR wie ek net om nei hûs te skriuwen. Gelôkkich wienen hja ek net op dreef. Hja skoarden wol yn de earste minút de 1-0. Beide ploegen bakten der fierder net folle fan, mar Ropta Boys hie it foardiel mei in goudhoanne yn harren fermidden te baljen. Geert van Wieren waard de man fan de wedstriid. Earst hie der ferbaal te hearren krigen dat der ek mei ferdedigje moast. Dat hie der noch wolris oan, mar hy wie dizze jûn net de iennichste. Mar Geert wist dizze teplak setter wêrom te beteljen yn klinkende munt. Hy makke de 1-1 troch yn de draai de keeper fan VCR te ferrassen. Mei dit doelpunt wie de koek noch net op. Hy makke ek de 2-1 yn de slotfase. In skôt fan Arnold Nutma waard net klemfêst pakt troch de VCR keeper, wêrtroch Geert van Wieren de rebound binnen koe sjitte foar de úteinlike winst. Einstân: 2-1.

De tredde wedstriid wie it oansjen net wurdich oan Ropta Boys 45+ harren kant. Miskien wie it wol de minste wedstriid ea fan Ropta Boys 45+ yn de trettjin jier dat wy 45+ fuotbal spylje. It wie om te gûlen. Ropta Boys 45+ stie derby en seach dernei en die hielendal neat. Ja, dan kin in tsjinstanner samar binnen no time útrinne nei in 4-0 foarsprong. In grutte nederlaach drige der oan te kommen mei noch in protte tiid op de klok. Mar gelôkkich wienen it Frans Sijtsma en op’e nij Geert van Wieren dy’t de einstân draagliker makke foar Ropta Boys 45+. Sawol de 4-1 as de 4-2 wienen moaie doelpunten troch kombinaasjes tusken Geert van Wieren en Frans Sijtsma. In ien twa kombinaasje troch it hert fan de ferdiging waard binnen sketten troch Frans Sijtsma. (4-1) Twa tellen letter wienen de rollen omkard en wist Geert van Wieren te skoaren. (4-2)

Konklúzje: Ropta Boys 45+ kin better dan dat hja sjen litten hawwe yn de trije thúswedstriden. Mar derneist tink ik ek dat wy fierder sjen moatte dan de sportive prestaasjes. Wy binne noch aktyf en bewege en fuotbalje noch nettsjinsteande ús âldens. Ik fyn dat dit al in prestaasje op sich is. Lit my sa posityf ôfslúte. Op 13 maaie besykje wy it op nij.

Klik op onderstaande link voor alle foto’s

https://myalbum.com/album/ZnsfLbi27N4Q