v.v. Ropta Boys sinds 1965


DE 20E ROPTA-BOYS KEATSPARTIJ.

DE 20e ROPTA-BOYS KEATSPARTIJ.

BRING DE FUOTBALLERS BY IT KEATSEN.

AS NOCH BETTER

BRING DE FUOTBALLERS OAN IT KEATSEN.

Easternijtsjerk/Nijewier/Mitselwier – It is dochs unyk dat der foar de fuotballers fan de v.v. Ropta-Boys in keatspartij organisearre wurd troch de Keatsferiening “De Trije Doarpen”. Natuerlik wurd dizze keatspartij wol sponsore troch de fuotbalferiening. Mar it bliuwt moai dat dizze keatspartij folgjende wike, sneon 15 juny foar de 20e kear op de aginda stiet yn de MON-doarpen.

Mar no komt it.

Eartiids wie dizze keatspartij in feest troch de dielnimming fan in hiele protte keatsers en partoeren.
Yn it jier 2000 wiene der by de earste Ropta Boys partij 135 keatsers ferdield oer de A- en B klasse senioaren, Dames en A- en B-jeugd klasse. Nei dizze earste kear is it yn’e rin fan de jierren hieltiten minder wurden mei it oantal dielnimmers. Foaral de senioaren litte it ôf witte. Dat moat oars.

It soe geweldich wêze as de fuotballers fan Ropta Boys en de keatsers fan keatsferiening De Trije Doarpen de moaiste en ien fan de âldste sporten fan Fryslân folgjende wike sneon 15 juny 2019 in waarm hert ta drage troch mei te dwaan. Troch jimme op te jaan. De fuotbalferiening Ropta Boys wit hast oeral in feest fan te meitsjen en dêrom fersykje ik jimme op te jaan foar de Ropta Boys partij. Ek al hawwe jimme it keatsen noch nea by it ein hân. Ik soe sizze besykje it en miskien wurd der in nije en goeie keatser berne.

It fersyk oan de lieders fan Ropta Boys 1, 2, 3, 45+ en Ropta Boys dames is, om myn ferhaal fan ôf de Ropta Boys site, yn’e app te setten fan jimme team.

Lit ús der folgjende wike sneontemiddei 15 juny 2019 in Ropta Boys keats feest fan meitsje op it sportterrein ’t Mearsfjild te Nijewier.

De opjefte foar de Ropta Boys partij kin fanôf no oant en mei tongersdeitejûn 13 juny oant 20.00 oere by Antje Allema-Dantuma. Sy is te berikken fia Facebook, fia de e-mail (sietseallema@knid.nl), fia de telefoan (0519-242243)en fia de app (06-29434332).

Keatsferiening “De Trije Doarpen” rekket folgjende wike sneon 15 juny 2019 op de FUOTBALJENDE KEATSERS EN DE KEATSENDE FUOTBALLERS.

Oant nije wike sneontemiddei.

Groetnis Jan Torensma