v.v. Ropta Boys sinds 1965

DE 17E ROPTA BOYS KEATSPARTIJ

Dokkum – Dizze wike gjin oandacht foar in kampioensfoto. Dizze wike is de fokus op de 17e Ropta Boys Keatspartij. It is in tradysje dat de Ropta Boys Keatspartij hâlden wurd op de freed nei Himmelfeartsdei. It is dit jier de 17e kear. De alderearste Ropta Boys Keatspartij fûn plak op freed 2 juny 2000. Yn’e earste jierren wie de opkomst hiel grut. Der wie in A en B-klasse senioaren, Dames en by de jongerein ek in A en B-klasse. No freed 6 maaie 2016 sil it de 17e kear wurde dat dizze Ropta Boys partij ferkeatst wurd. Ik soe sizze doch allegearre mei. It ferslach fan de earste Ropta Boys Keatspartij is hjirûnder ôfdrukt.

Wa’t kommende freed meidwaan wol, kin him of harsels foar woansdeitejûn 20.00 oere opjaan by Antje Allema-Dantuma fia de mail ( sietseallema@knid.nl) of fia facebook.

Argivaris Jan Torensma.

ROpta BOys