v.v. Ropta Boys sinds 1965

BE-QUICK D 35+ WINT IT SKILDERSBEDRIUW NUTMA TOERNOAI.

Easternijtsjerk – Op inisjatyf fan Arnold Nutma wie der ôfrûne freedtejûn, om te seizoen 2014-2015 ôf te sluten,  in toernoai tusken de ploegen De Westereen 35+, Wykels Hallum 45+, Be-Quick D 35+ en de ploech wêr’t sponsor Arnold Nutma sels diel fan útmakket Ropta Boys 45+. Spitichgenoch siet it waar in bytsje tsjin, mar der hiene de rûtiniers net folle lêst fan. Der is efkes moai fuotballe troch de fjouwer sân-tallen mei Be-Quick D 35+ as  úteinlike winner.

Barbecueë.

Nei ôfrin fan it toernoai hie sponsor Arnold Nutma in foar treflike barbecue regele. Elkenien koe hearlik oan it barbecueë nei trije wedstriden fan fiifentweintich minuten fuotbaljen. Der wie mear as genôch salade en fleis en it wie beregesellich nei ôfrin yn’e kantine fan de v.v. Ropta Boys. Wy hawwe sels ûnder lieding fan in spieler fan de Westereen oan it sjongen west. Miskien wolle jimme it as lêzer  net liuwe, mar it bewiis is fêstlein mei de mobile telefoan fan Grietsje Dijkstra. Op har facebook pagina kinne jimme sjen dat de measten mear kinne as allinne fuotbaljen. Tusken it barbecueë troch hawwe wy noch in pear rûnen read fan fortún spiele mei ek nochris prachtich moaie prizen. Benei elkenien wûn ek noch in moai pryske. It wie yn ien wurd in prachtige ôfsluting mei grutte tank oan sponsor Arnold Nutma fan Skildersbedriuw Nutma Skilders út Mitselwier. It wie super foar inoar.

Wedstriden en einstân.

Ik soe hast ferjitte dat der ek noch moai en sportyf fuotballe is en dat ploegen mei de jongste spielers dochs it bêste foar de dei kamen. De útslaggen steane hjirûnder opskreaun.

Ropta Boys 45+ – De Westereen 35+ 1 – 2.

Wykels Hallum 45+ – Be-Quick D 35+ 1 – 3.

Ropta Boys  45+ – Wykels Hallum 45+ 1 – 1.

De Westereen 35+ – Be-Quick D 35+ 1 – 3.

Ropta Boys 45+ – Be-Quick D 35+ 0 – 1.

Wykels Hallum 45+ – De Westereen 35+ 2 – 7.

De einstân:

Be-Quick D 35+ 3 – 9 7 – 2.

De Westereen 35+ 3 – 6 10 – 6.

Ropta Boys 45+ 3 – 1 2 – 4.

Wykels Hallum 45+ 3 – 1 4-11.

Om noch efkes oer ús eigen sân-tal Ropta Boys 45+ te sprekken. De earste twa wedstriden wiene net super, mar dochs koe Ropta Boys 45+ goed party jaan oan de Westereen 35+. Nei 0-2 efterstân kaam Ropta Boys troch in doelpunt fan Theunis Linthof noch tichteby in gelykspul. De twadde wedstriid tsjin Wykles Hallum wie it spul min.  In hiele protte maklike ballen kaam gewoanwei net oan. Nei de 0-1 efterstân troch Johan Nutma fan Wykels Hallum, wie it syn broer Arnold Nutma fan Ropta Boys dy’t efkes letter de stân lyk luts mei in doelpunt foar de 1-1 einstân. De lêste wedstriid tsjin Be-Quick D wie de beste wedstriid fan de trije. Ropta Boys spiele goed en krige goeie kânsen op doelpunten. Allinnich de keeper fan Be-Quick D wie hiel goed en hâlde syn goal skjin. Be-Quick D skoarde úteinlik mei in moaie kombinaasje de iennige goal fan’e wedstriid. Sa kaam der in ein oan it seizoen fan Ropta Boys 45+. It folgjende seizoen hoopje wy wêr mei nije moed fierder te gean.

JT