v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Dizze wike haw ik keazen foar kranteknipsel mei aksjefoto út it seizoen 1992/1993. ( benei 24 jier ferlyn) Ropta Boys 1 moast eartiids mei VVI út Idskenhûzen út meitsje wa’t promovearre fan de haadklasse FVB nei de 4e klasse KNVB. Ropta Boys spiele op sneon 15 maaie 1993 thús en koe it net bolwurkje tsjin de sterke besikers út Idskenhûzen. VVI wûn mei 2-5 út by Ropta Boys. Mei dizze útslach stie VVI al mei oardel foet yn’e 4e klasse. De út wedstriid op sneon 22 maaie 1993 wie einliks noch foar de statistiken. Yn Idskenhûzen spiele Ropta Boys noch gelyk mei 1-1. Op de aksje foto is dúdlik Andries Weidenaar sichtber. Hy spilet no noch yn Ropta Boys 2 en by Ropta Boys 45+. Andries Weidenaar stekt mei kop en skouder boppe elkenien út wat it oantal spile wedstriden oanbelanget foar Ropta Boys 1.

Argivaris Jan Torensma.

RB - VVI