v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

De earste sneon fan in nij jier is meastentiids ynrjochte foar de jierlikse crossloop by de v.v. Ropta Boys. Kommende sneon 7 jannewaris 2017 wurd de crossloop foar 21e kear hâlden by de v.v. Ropta Boys. Op sneon 8 jannewaris 2005 ( 12 jier ferlyn) wie de 9e crossloop fan Ropta Boys. Dizze crossloop is ferrûn ûnder in hiele hurde wyn. Fan dizze crossloop is in moaie foto, mei dêr op trije rinners dy’t no noch hieltiten aktyf binne by de Ropta Boys 45+. Jappie de Vries, Jan en Piet Torensma. De Ropta mûne stiet moai yn byld, wêr nei ús klup namme natuerlik ferwiist. De winner fan dizze crossloop wie Gerard Torensma. Ek dizze spiler is krekt fyftich wurden en noch aktyf by de 45+. It is sels sa dat fan de tweintich edysjes mear 45+ spilers eartiids wûn hawwe. Arnold Nutma yn 1989, Jack van der Vorst yn 1990 en 1992, Andries Weidenaar yn 2001 en Gerard Torensma yn 2005. Dizze oerwinning stiet te lêzen yn it taheakke kranteknipsel.

Argivaris Jan Torensma.

rb-crossloop-jan-2005