v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Dizze wike in kranteknipsel mei foto fan sneon 23 augustus 1994 (mear as 22 jier lyn). It wie in bekerwedstriid tusken Ropta Boys en Dokkum te Mitselwier. Oan de rêst ta koe Ropta Boys Dokkum by hâlden, mar yn de twadde helte rûn Dokkum út nei in 1-4 oerwinning. De iennichste Ropta Boys goal kaam op namme fan de man dy’t op de taheakke foto stiet, Jack van der Vorst. Op de taheakke foto stean twa 45+ spilers. Jack van der Vorst fan Ropta Boys en Herman Bakker dy’t no ek noch aktyf is by Dokkum 45+.

Argivaris Jan Torensma.

rb-dokkum-bkr rb-dokkum-bkr-2