v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Dizze wike in kranteknipsel mei foto fan sneon 11 febrewaris 1984 (hast 33 jier lyn). De wedstriid spiele har ôf yn Dokkum tsjin Be-Quick 1, hja spielen do noch op de fjilden wêr’t no de fuotbalferiening Dokkum harren wedstriden wykliks spylje. It wie in legindaryske wedstriid fan Ropta Boys 1. De thús spyljende ploech Be-Quick hie gjin skyn fan kâns tsjin it yn topfoarm ferkearende Ropta Boys. Ropta Boys wûn mei mar leafst 0-5 fan de stedsjes. Op de foto steane Albert van der Vliet (eks 45+) en Albert de Boer (de blonde pyl) mei de hannen yn’e loft nei it doelpunt fan Albert de Boer.

Argivaris Jan Torensma.

 

bequick-rb