v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Dizze wike haw ik keazen foar in kranteknipsel mei foto oer de resepsje dy’t barde nei oanlieding fan de promoasje fan út de 1e klasse FVB nei de 4e klasse fan de KNVB. Eartiids in knappe prestaasje fan Ropta Boys 1. De foto en it ferslach kommen út it Nijsblêd fan Noard-East Fryslân fan woansdei 13 juny 1984 (hast 33 jier ferlyn) De resepsje fûn natuerlik plak yn it stamkafee Veldzicht te Mitselwier. It is in moai ferslach om efkes troch te lêzen.

Argivaris Jan Torensma.

RB promotie