AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.
|Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.
Dizze wike haw ik keazen foar twa kranteknipsel mei aksjefoto fan deselde wedstriid út it seizoen 1985/1986.(mear as 30 jier ferlyn) It wie net ien fan de beste wedstriden dy’t Ropta Boys 1 spiele hat yn it seizoen 1985/1986. Ropta Boys ferlear mei mar leafst 7-0 fan Be-Quick Dokkum. Mar sa as jimme yn beide ferslaggen lêze kinne wie der wol in oarsaak. Ropta Boys 1 moast dizze middei hiele folle fêste krêften misse. Op de iene foto stiet ynfaller keeper Marten Kooistra foar Livius Meinsma en Jappie de Vries dy’t Kees Bontekoe fan it skoaren ôf hâld. Op de oare foto steane op de rêch sjoen Jappie de Vries, Albert van der Vliet, Roel Sikkema en Jan Torensma en oanfierder Yke Postma fan Be-Quick.
Argivaris Jan Torensma.