v.v. Ropta Boys sinds 1965

ROPTA BOYS 45+ MAKKE DER IN POTSJE FAN YN BURDAARD!

Burdaard – Freedtejûn moast Ropta Boys 45+ foar de twadde kompetysje rûne fuotbalje yn Burdaard. De earste tsjinfaller wie dat V en V’68 harren ôfmeld hiene foar dizze kompetysje rûne. Nettsjinsteande dizze tsjinfaller wie it doel om der twa moaie, goeie en skitterende wedstriden fan te meitsjen tsjin F.C. Burdaard en de V.V. Dokkum 45+. Mar dat foel my as lieder ferskriklik tsjin as ôf, mar krekt hoe jo it sizze wol. Ik haw yn de ôfrûne jierren witte faak ferslachjes skreaun oer de prestaasjes fan Ropta Boys 45+. Meastentiids kinne wy goed meikomme yn de 45+ wrâld. Der binne ek minne wedstriden spiele yn it ferline. Wannear der soksoarte wedstriden spiele waarden koe ik myn ferslachjes altiten noch ôfslúte mei: It kin einliks net minder de folgjende kear kin it allinnich mar better gean. Mar dizze sin sil ik nei ôfrûne freedtejûn net mear brûke. Puer om’t der by Ropta Boys 45+ kwa fuotbal gjin sicht op is hoe’t der prestearre wurde sil. It wie ôfrûne freed net min, mar it wie ôfrûne freedtejûn gewoanwei strie- en streimin. It wie om te gûlen, sa min wie it. Der wie safolle fuotbal erfaring oanwêzich, mar it like wol as stiene de spilers foar de earste kear op in fuotbalfjild. Begryplik is dat de rapheid ôfnimt by âldere spilers, mar it kin dochs net sa wêze dat jo mei de bal oan de foet net twa meter oer brêgje kinne rjochting dyn meispiler. Fierder is it dochs sa dat jo by in tsjin oanfal jo tsjinstanner yn’e gaten hâlden. En as jo de bal hawwe is it dochs by it fuotbalspulsje sa om him net lang oan de foet te hâlden. It doel is oerspyljen. Dan haw ik it noch net iens oer meiferdidigjen hawn. Ik sil der oer ophâlden om’t it gewoan muoilik bliuwt om spilers op dizze âldens noch wat wiis te meitsjen. As lieder bliuw ik ferantwurdlik foar dizze strieminne prestaasjes. It is de fraach as it bestjoer ek yngrypt rjochting de lieder. Mar dat wachtsje ik dan mar rêstich ôf. Miskien is myn rêding dat de foarsitter ek yn de malêze dielde. Hjirûnder noch in koart ferrin fan de wedstriden.
Ropta Boys 45+​​-​F.C Burdaard 45+​​2 – 2.
In wedstriid dy’t einliks nei tsien minuten yn slot sitte moaten hie foar Ropta Boys 45+. Ropta Boys begûn goed en krige dikke kânsen en mooglikheden om fuortendaliks ôfstân te nimmen fan de tsjinstanner. Mar foar iepen doel en te min oersicht bleaun it 0-0. Dochs kaam Ropta Boys 45+ troch in kounter op foarsprong. Theunis Linthof bestjinne Arnold Nutma. Arnold behâlde op syn beurt it oersicht en wist Theunis op’e nij te berikken foar it doel. Theunis makke it behearst ôf. (1-0). It doelpunt stie noch net iens op it skoareboerd as it wie direkt alwêr 1-1 troch in op ien steapeling fan fouten. Mar gelôkkich wie it Arnold Nutma dy’t syn ploech mei in moaie treffer wêr oan de lieding brocht. (2-1) Net leard fan de fouten foarôf geande oan de earste tsjin goal wie it Burdaard dy’t einliks identiek de gelykmakker fuortendaliks efter keeper Marten Kooistra skeat. (2-2). Nei dizze gelykmakker moast Ropta Boys ek noch bliid wêze dat der gjin mear treffers foelen. By Ropta Boys gie einliks sa’n lyts bytsje alles mis.
Ropta Boys 45+​​-​V.V. Dokkum 45+​​0 – 1.
Yn dizze wedstriid slagge hielendal neat. Ropta Boys 45+ kaam der hielendal net oan te pas. Meastentiids wurde der wol kansen krearre troch Ropta Boys, mar dizze kear hielendal net. Spits Arnold Nutma krige alhiel gjin oanfier fan ballen. It wie Marten Kooistra dy’t mei in fraaie rêding syn ploech yn de wedstriid hâlde. Oer dizze wedstriid is kwa fuotbal en kwa fuotbal belibbing net folle posityfs te sizzen oan de kant fan Ropta Boys. By it iennichste doelpunt fan Dokkum wie dúdlik te sjen dat hja der mei de hôlle net goed by wienen. Trije spilers fleagen op ien spiler ôf, wêrtroch der gewoan ien spiler fan Dokkum hielendal frij foar de goal stean bleaun. Dizze spiler koe hjirtroch wol hiel ienfâldich nei in passke de bal binnen tikje foar de 0-1.
Konklúzje: It wie net bêst. Troch dizze minne prestaasje is Ropta Boys 45+ de kopposysje kwytrekke oan de v.v. Dokkum. Wy sille sjen as Ropta Boys 45+ wêr út dizze dip wei klauterje sil yn it ferfolch fan dizze kompetysje.
Lieder Jan Torensma.