v.v. Ropta Boys sinds 1965

Ropta Boys 45+ griemt der frjemd yn om yn Rinsumageast

Rinsumageast – Ôfrûne freedtejûn moast Ropta Boys 45+ fuotbalje yn Rinsumageast ûnder skitterende waarsomstandigheden. Alles like goed foar in stunt fan Ropta Boys 45+. Mei trije punten efter de koprinner en ien punt efter nûmer twa wie justerjûn alles noch mooglik. As lieder hie ik it plaatsje alhiel yn’e holle. As lieder meitsje jo in plan mei it spilers-materiaal wat mei giet te fuotbaljen. Ôfrûne freed wienen dat ien keeper, seis ferdedigers, ien middenfjilder en ien spits. Mei dizze spilers wie it plan samar dúdlik. Mei safolle ferdedigers is it maklik. In kertierke de nul hâlde en ien útfal foar in doelpuntsje en dan winne jo fjouwer kear mei 1-0. Dan steane jo as ploech boppe oan yn de kompetysje en dan kinne jo it twa wiken letter yn Feanwâlden  ôfmeitsje.

Mar jimme riede it al, dizze teory, dizze flieger gie net op by ús as Ropta Boys 45+. Dizze teory koe nei ien kear knipperjen mei de eagen alwêr de prullebak yn.

Yn de earste wedstriid tsjin Friese Boys kaam Ropta Boys troch striemin útferdigenje nei in minút al op in 1-0 efterstân. Nei sa’n rappe efterstân moast Ropta Boys nei foaren om te skôaren. Fia Frans Sijtsma wie dernei fuortendaliks in mooglikheid, mar syn ynset wie te maklik foar de keeper. Oan de oare kant wie Friese Boys folle gefaarliker as Ropta Boys, mar de 1-0 bleau stean troch foartreflik keeperswurk fan Marten Kooistra. Nei in kertier spyljen bleau de 1-0 stean as einstân. In earlik is earlik Ropta Boys hat einliks gjin kâns  hawn foar in better resultiet. De start wie hjirtroch net foartreflik.

Mar yn de twadde wedstriid tsjin VVT gie it alhiel mis yn ferskate opsichten. Fanôf it begjin wie Ropta Boys 45+ de dominante ploeg, mar binnen in omsjuch stie Ropta Boys 45+ op ûnferklearbere wize op in 2-0 efterstân. VVT koe twa kear sûnder dat Ropta Boys harren in striebreed yn’e wei leinen trochrinne nei Marten Kooistra om te skoaren.  Hjir bleaun it net by. It waard sels noch 3-0. Nei dizze efterstân soe it wurde. Ropta Boys 45+ krige noch wat mooglikheden, mar de keeper fan VVT koe inkele doelpunten  foarkomme. Mar dit slagge ien kear net, mar do hâlde hy syn froegere doarpsgenoat Geert van Wieren fêst om in doelpunt te foarkommen. Allinnich de skiedsrjochter woe net oan in penalty. It wie logysk dat der troch de spilers fan Ropta Boys hjir wat fan fûn waard. Dêrnei sei ien fan ús spilers rjochting skiedsrjochter: Bedankt Skeids!  Ja, dat wie skynber wat tefolle, wêrtroch de skiedsrjochter fuort stapte en net fierder woe. Hjirtroch eindige dizze wedstriid yn twa opsichten yn in desepsje. Ferlieze en de skiedsrjochter naait út.

Gelôkkich is der ek noch posityf nijs te fertellen. De lêste twa wedstriden tsjin Feanwâlden en VCR waarden beide omset yn in moaie en fertsjinne 1-0 oerwinningen. Tsjin Feanwâlden wie it Fokke Visser dy’t oantekene foar it iennichste doelpunt fan de de wedstriid.(1-0) Ropta Boys krige wie Gert van der Meulen, Geert van Wieren, Andries Weidenaar,  Roel Sikkema en Wiebe Turkstra foldwaande mooglikheden, mar de keeper fan Feanwâlden wie in grutte sta yn’e wei foar Ropta Boys om de skoare út te breidzjen.  Einstân: 1-0.

De lêste wedstriid tsjin VCR kaam Ropta Boys fia Geert van Wieren rap op in 1-0 foarsprong.  Dêrnei ûntstie der in moaie en spannende wedstriid mei oan beide kanten kânsen. By Ropta Boys  wie lêste man Jaap Wiep Torensma de lieder fan de groep. As lêste man stie der as in kening te fuotbaljen. Spitichgenoch wie de lêste wedstriid de beste wedstriid fan Ropta Boys. Yn dizze wedstriid kaam de striid wêr nei boppe. Sels Frans Sijtsma wie sa mei de wedstriid bezich dat hy knalde de bal keihurd yn’e goal, mar spitichgenoch wie it de ferkearde goal. Dizze goal stie njonken de goal wêr’t wy yn skoare moasten.  Wy binne der noch net oer út as it sicht minder wurd fan Frans as dat hy sa yn it spul op gie dat der tocht syn gram te heljen yn de lêste wedstriid. Wy hâlde dit noch efkes yn it midden. Sa kaam der dochs noch in goed ein oan dizze fuotbaljûn. Oer twa wike spylje wy de lêste wedstriden yn Feanwâlden.

De tuskenstân yn ús kompetysje is:

  1. VVT 16 – 32
  2. Friese Boys 16 – 31
  3. Ropta Boys 16 – 26
  4. VCR 16 – 12
  5. Feanwâlden 16 – 12

Lieder Jan Torensma