ROPTA BOYS 45+ ÚTSKAKELE YN KWARTFINALE OP IT OFK 45+ TROCH PENALTY’S.
|Frentsjer – Ropta Boys 45+ wie ôfrûne sneontejûn 2 febrawaris 2019 foar de twadde kear aktyf op it Iepen Frysk Kampionskip sealfuotbal foar teams boppe de 45+. Foarrich jier wie Ropta Boys 45+ ek oanwêzich by de earste edysje. Eartiids kaam de ploech net troch de poulefase, om’t der yn de lêste wedstriid tsjin de lettere kampioen Foarút gelyk spiele waard yn pleats fan te winnen. Dizze kear kaam Ropta Boys 45+ wol troch de poulefase. Mei de ferjonging en mei it debút fan twa nije 45+ spilers wie der mear lykwicht yn’e ploech. Arend Castelein en Bas Dijkstra wolkom by de klub fan Ropta Boys 45+.
Nei in reedlik goed toernoai kaam úteinlik yn de kwartfinale, tsjin de ferhâlding yn, in ein oan it twadde OFK 45+ toernoai tsjin Minnertsga. Yn de reglemintêre tiid wie it nei 13 minuten spyljen 1-1. De penalty’s moasten in winner opleverje foar de heale finale. Ropta Boys wie hiel tichteby. De earste trije penalty’s wiene raek foar beide teams. De fjirde wie mis foar Minnertsga. In útsocht momint foar Ropta Boys om de heale finale te heljen. Mar de beslissende penalty waard troch Ropta Boys op de krúsing sketten. De fiifde penalty brocht de úteinlike de útskakeling foar Ropta Boys 45+. Minnertsga skoarde en Ropta Boys skeat de penalty neist. Op dizze wize kaam der in sneu ein oan ús sealfuotbal aventoer.
Nettsjinsteande dizze útskakeling kin Ropta Boys 45+ wêrom sjen op in reedlik slagge toernoai, alhoewol de prizen wol hiel tichteby wiene dizze jûn. Fierder moat ik ús supporters, Wiebe en Klazien Turkstra en Sietse en Antje Allema en bern, dizze jûn tank sizze foar harren kommen en oanmoedigingen tidens it toernoai.
Hjirûnder kinne jimme noch lêze hoe as ús toernoai yn sifers en spul is ferrûn.
Ropta Boys 45+ – LAC Frisia 45+3 – 0.
Tsjin de âldste amateurferiening fan it noarden LAC Frisia 1883 wie Ropta Boys hear en meester. Fia doelpunten fan Bas Dijkstra, Jack van der Vorst en Geert van Wieren wie de start foartreflik te neamen foar Ropta Boys 45+.
Ropta Boys 45+ – Blau-Wyt’34 45+1 – 1.
Yn de earste edysje fan it OFK 45+ moast Ropta Boys 45+ harren meardere erkenne yn Blau-Wyt. Dêr wie justerjûn gean sprake fan. Blau-Wyt kaam noch wol op foarsprong, mar Ropta Boys 45+ makke yn in omsjoch de gelykmakker fia Theunis Linthof. Fierder wiene de beide ploegen lykwaardich, mar de kansen oan beide kanten wiene in proai foar de beide keepers Wieb Dykstra fan Blau-Wyt en Marten Kooistra fan Ropta Boys.
Ropta Boys 45+ – Ljouwerter Sweltsjes 45+1 – 2.
Tsjin dizze sterke tsjinstânner kaam Ropta Boys op efterstân troch rommelich en nayf te spyljen. Nei de 0-2 efterstân kaam Ropta Boys letter goed wêrom. Nei in prachtiche sealfuotbal kombinaasje tusken Piet Torensma en Bas Dijkstra wie it lêstneamde dy’t de spanning wêrom brocht yn de wedstriid. (1-2) Spitichgenoch wie de tiid tekoart foar de gelykmakker.
Ropta Boys 45+ – v.v. Dronryp 45+1 – 0.
Yn dizze lêste wedstriid moast Ropta Boys foar de winst gean om troch te gean yn it toernoai. It slagge Ropta Boys yn dizze gelykwaardiche wedstriid om oan it ein fan de wedstriid de ienniche en winnende treffer te skoaren. It wie Arend Castelein dy’t mei in hurd skôt Ropta Boys 45+ nei de kwartfinale loadste. It wie noch wol efkes ôfhinklik fan de wedstriid tusken Blau-Wyt tsjin Ljouwert Sweltsje, mar de lêste ploech pakte ek tsjin Blau-Wyt de winst wêrtroch Ropta Boys as twadde yn de poule troch koe nei de kwartfinale. In knappe prestaasje.
Kwartfinale: Ropta Boys 45+ – Minnertsga 45+1 – 1. (Minnertsga wint nei penalty’s)
Yn dizze kwartfinale stie Ropta Boys yn it begjin te sliepen en seach fourtendaliks tsjin in 0-1 efterstân oan. Mar dêrnei gie it kresendo mei Ropta Boys 45+. Hja lieten harren bêste spul sjen en wiene folle better as Minnertsga. Ropta Boys 45+ kaam fia in moai doelpunt fan Arend Castelein op gelyke hichte. It wie einliks wachtsje op de winnende treffer foar Ropta Boys, mar safier kaam it net. It bleau by in gelykspul, wêrtroch de beslissing falle moast út in penalty searje. Yn it begjin fan myn skriuwen haw ik oanjoen hoe’t it ôfrûn foar Ropta Boys 45+. Spitich, mar it is net oars. Ropta Boys 45+ fynt tsjin de ferhâlding yn harren Waterloo tidens de kwartfinale.
Konklúzje: Ropta Boys 45+ hat sich goed sjen litten op it twadde Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal. Tige tank foar jimme ynset en reewilligens Marten Kooistra, Frans Sijtsma, Theunis Linthof, Arend Castelein, Piet Torensma, Geert van Wieren Bas Dijkstra en Jack van der Vorst.
Ferslachjouwer Jan Torensma.