v.v. Ropta Boys sinds 1965

Ropta boys 45+ spilet de stjerren fan’e himel yn twiZelerheide

Twizelerheide – De koptekst is in bytsje oerdreaun, mar oerdriuwe mei ek wol in bytsje nei it optreden fan Ropta Boys 45+ yn Twizelerheide. Ropta Boys 45+ fuotballe goed en beleande it goeie spul ek nochris mei sân punten en mei it earste plak op doelsaldo yn’e kompetysje. Foarôfgeande oan de tredde reeks wedstriden stie Ropta Boys op it twadde plak yn’e kompetysje mei sân punten efter it oant no ta sterke S.C. Feanwâlden. De foarsprong wie grût, mar S.C. Feanwâlden wie ôfrûne freedtejûn gehiel fan slach en ferlear alle trije wedstriden. Mei de dik ferstjinne 7 punten kaam Ropta Boys 45+ neist S.C. Feanwâlden te stean op de ranglist. Ropta Boys 45+ pakt sels op doelsaldo de kopposysje. Dat it doelsaldo fan Ropta Boys 45+ sa heech is hat te meitsjen mei it út syn slof sjitten fan de somtiden bekritisearre Geert van Wieren. Hy wie justerjûn hielendal los op bekinde grûn. Op sportpark “de heide” by VVT degradearre hy syn eks ploechmaten ta figuranten. Hja en wy wiene allegearre ferbjustere fan de mar leafst fjouwer goals dy’t der tsjin syn âld klupke makke. VVT wie in goed ferliezer en traktearre harren âld spiler op hast fjouwer liter kola nei ôfrin fan de wedstriden. Mar it wie net allinnich Geert van Wieren dy’t dizze histoaryske jûn kleur joech foar Ropta Boys 45+. Ek de spilers Andries Weidenaar en Wiebe Turkstra efteryn en de spilers Jack van der Vorst, Frans Sijtsma, Piet Torensma en Theunis Linthof op it middenfjild en twa skoarende spitsen Geert van Wieren en Arnold Nutma foar yn, meie it sukses fan ôfrûne freedtejûn sich oanlûke. Fierder ús belangrykste man, keeper Marten Kooistra keepte dizze jûn foutleas en makke it sukses ferhaal kompleet foar Ropta Boys 45+. Hjirûnder noch in koarte werjefte fan de trije wedstriden en tuskenstân yn de kompetysje.
Ropta Boys 45+ – VVT 45+ 6 – 1.
Wat in sterk begjin fan Ropta Boys 45+. Yn de foargeande twa kompetysje wedstrriden tsjin VVT kaam Ropta Boys net fierder dan twa gelykspullen. It begûn direkt mei in ôfstânskot fan Theunis Linthof op de peal. It wie in foarbode fan in protte goals. Ropta Boys rûn wie goals fan Geert van Wieren, Arnold Nutma en op’e nij Geert van Wieren út nei 3-0. Efkes kaam VVT wêrom fia in doelpunt fan Riemer Dorenbos, mar dêrnei naam Ropta Boys 45+ de wedstriid wêr oer. De iene oanfal wie noch moaier as de oare. It wie lust foar it each. Op’e nij wie it Geert van Wieren dy’t de 4-1 oantekene nei in assist fan de tongersdei 59 jier wurden Frans Sijtsma. De 5-1 kaam op namme fan Wiebe Turkstra nei dizze kear in assist fan Geert van Wieren. In lang om let wie it alwêr Geert van Wieren dy’t de rebound, nei in skôt fan Jack van der Vorst op de latte, binnen knikte mei de holle foar de einstân fan mar leafst 6-1.
Ropta Boys 45+ – Dokkum 45+ 1 – 1.
Dokkum wie dizze kear oanwêzich mei harren sterkste sântal en ek hja pakten sân punten dizze jûn. Mar Ropta Boys 45+ wie dizze jûn op dreef. Ek yn dizze wedstriid rekke Ropta Boys it houtwurk. Arnold Nutma skeat de bal via latte en peal wer út de goal. Ropta Boys 45+ wie better en krige de beste kansen. Healwei de wedstriid kaam Ropta Boys fia in hurd en strak skôt fan Theunis Linthof op foarsprong. (1-0) Dêrnei wie it saak om de wedstriid út te spyljen. Dit slagge reedlik troch goed ferdigjend en goed keeperswurk fan Marten Kooistra. Dochs kaam Dokkum yn’e slotfaze noch oan de gelykmakker troch Herman Bakker. Sjoen de kansen ferhâlding kaam Ropta Boys 45+ der bekaaid ôf, mar dochs koene wy libje mei it iene punt.
Ropta Boys 45+ – S.C. Feanwâlden 45+ 3 – 1.
Foarôf wiene wy efkes oan it rekkenjen west. De seleksje fan Ropta Boys 45+ wie op’e hichte fan it feit dat hja by winst koprinner wurde soene nei trije spielrûnden. De begearicheid strielde derôf by Ropta Boys 45+. Frij rap kaam Ropta Boys 45+ fia in ferwoastend hurd skot fan Arnold Nutma op 1-0. Fia in pear lytse foutjes kaam S.C. Feanwâlden wêr op gelyke hichte fan 1-1. Mar fanôf de ôftrap pakte Ropta Boys 45+ wêr in foarsprong fia de moaiste goal fan de jûn. In strakke foarset fan Theunis Linthof fanôf de rjochterkant waard wurklik op skitterende wize snoeihurd binnen kopt troch Arnold Nutma foar de 2-1. Feanwâlden wie oanslein en Ropta Boys 45+ rûkte harren kansen. It wie alwêr Geert van Wieren dy’t syn ploech yn rêstiger faarwetter skeat nei 3-1. Dêrnei spiele Ropta Boys 45+ de wedstriid rêstich út mei as resultiet de kopposysje mei noch ien rûnde te spyljen. Dizze lêste rûnde find ek noch thûs op ús eigen sportpark “De Fiver” pleats. As Ropta Boys 45+ op’e nij sa goed foar de dei komt as ôfrûne freedtejûn heard in kampioenskip ta de mooglikheden. Wy sille sjen op freedtejûn 2 novimber hoe as dizze spannende kompetysje ôfrint.
Hjirûnder noch efkes de tuskenstân nei trije fuotbaljûnen.

1. Ropta Boys 45+ 9 4 4 1 16 19 9 (+10)
2. S.C. Feanwâlden 9 5 1 3 16 18 14 (+4)
3. VVT 45+ 9 3 2 4 11 18 19 (-1)
4. Dokkum 45+ 9 2 1 6 7 8 21 (-13)

Ferslachjouwer Jan Torensma.