v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Dizze wike haw ik keazen foar in kranteknipsel mei aksjefoto út it seizoen 1985/1986.(mear as 30 jier ferlyn) Dizze kear in aksjefoto fan it âldste noch fuotbaljende lid fan Ropta Boys. Dat kin mar ien wêze. Dat is natuerlik Yme Braaksma. Dizze foto is naam yn Koatstertille. It wie de earste wedstriid dy’t Ropta Boys wûn yn it seizoen 1985/1986. Nei trije wedstriden wie Ropta Boys noch puntleas mar troch doelpunten fan Jan Torensma en Jan Meindersma koene de earste twa punten byskreaun wurde op’e ranglist. Doe wie it noch twa punten by winst. Op de taheakke foto hat keeper Livius Meinsma de bal klam fêst. Dit ûnder tasicht fan Yme Braaksma en Klaas Bekker.

Argivaris Jan Torensma.

RB -Kootstertille 2

RB -Kootstertille 1