v.v. Ropta Boys sinds 1965

AKSJE FOTO’S ÚT DE ÂLDE ROPTA BOYS DOAS.

Dokkum – Om it grutte Ropta Boys argyf dochs in bytsje ûnder de oandacht te bringen fan elkenien is it myn doel om de kommende winterperioade elke wike in âlde aksje foto út it ferline sjen te litten. It doel is om yn elk gefal de spilers fan it hjoeddeiske Ropta Boys 45+ team sjen te litten op âlde aksje foto’s. Tsjinwurdich is it hiel normaal dat er elke sneon in fotograaf lâns de line aksje foto’s sjit. Eartiids wiene der allinnich foto’s as de Dockumer Krante, Frysk Deiblêd en Ljouwter krante lâns kamen. It wie dan ôfwachtsjen hokker foto yn’e krante kaam op moandeitemiddei.

Dizze wike haw ik keazen foar in kranteknipsel mei in ferslach fan de wedstriid tusken S.C. Koatstertille en Ropta Boys út it seizoen 1984 – 1985. ( 33 jier ferlyn) By it ferslach sit in lytse foto mei dêr op Frans Sijtsma en ûnderskreaune yn aksje. Op de eftergrûn stiet Bean Braaksma ta te sjen. In knappe oerwinning fan Ropta Boys op Koatstertille as jimme it ferslach lêze.

Argivaris Jan Torensma.

RB - Kootstertille 1984